Sportkampanje foar minsken mei beheining: 'Je kunt meer dan je denkt'

'Je kunt meer dan je denkt.' Dat is it boadskip fan de lykneamde kampanje fan Sport Fryslân om Friezen oan it sporten te krijen. Yn de kampanje steane de ferhalen fan fiif Fryske sporters sintraal.
Tafeltennisser Magan Tahir is ferbûn oan de kampanje:
Sport Fryslân hopet mei de kampanje om mear Friezen mei in beheining oan it sporten te krijen. Yn totaal binne der yn Fryslân sa'n 75.000 minsken mei in fysike of lichaamlike beheining. Dêrfan docht minder as tritich persint regelmjittich oan yntinsyf sporte. Under minsken sûnder beheining leit dat persintaazje heger as 65 persint.

Gjin ekspertize

Dat minsken mei in beheining minder sporte soe ûnder mear komme troch drompels dy't sy of harren âlden oer moatte. Sa fernaam ek Marie Schipper, sy is de mem fan de 13-jierrige Bodi. Hy is ien fan de gesichten fan de kampanje en hat in ferstanlike beheining.
"Het is best ingewikkeld om een sport uit te zoeken. Je begint met het bellen van een reguliere sportvereniging. Maar daar kregen wij al snel te horen dat het niet ging: men had niet de expertise om ons kind te begeleiden. In ons geval wilde onze zoon heel graag voetballen, net als zijn broers. Maar dat was hier in Heerenveen niet", seit Schipper.

Lestich foar sportklups

"Als je hem op een voetbalveld zet, kan hij op het ene moment goed meedoen en zich concentreren. Maar op het andere moment is hij grassprietjes aan het tellen. Dat kan midden in een wedstrijd gebeuren. Soms rent hij ook maar wat heen en weer. Winnen of verliezen interesseert hem niet zoveel. Hij vindt het ook leuk als de tegenstander scoort. Dat maakt hem niet zoveel uit", seit Schipper.
"Je moet wel een trainer hebben die dat een beetje snapt en die daar mee om kan gaan. Dus ik begrijp ook wel dat het voor sportclubs lastig is. Maar wij wilden als ouders wel dat ons kind kon sporten." De kampanje moat soargje foar mear begryp. Sport Fryslân wol boppedat minsken mei in beheining yn kontakt bringe mei de juste sportferieningen.
Marie Schipper oer har soan Bodi en it inisjatyf
Ek tafeltennisser Magan Tahir hat him ferbûn oan de kampanje. Yn 1992 rekke Tahir by de boargeroarloch yn syn bertelân Somalië slim ferwûne doe't der in granaat yn syn hûs smiten waard.
Yn 1994 kaam er nei Nederlân en kaam er yn it AZC yn Ljouwert telâne. Dêr kaam er yn oanrekking mei it tafeltennis. Syn aktive karriêre is yntusken foarby, mar hy behearde ta de top fan de wrâld.

Doare en dwaan

"Tafeltennis heeft mijn leven teruggebracht. Het is heel belangrijk voor mijn leven", seit er. Tahir hopet oare minsken mei syn ferhaal te ynspirearjen. "Toen ik verlamd raakte wist ik ook niet wat ik moest doen. Ik wist toen niet welke kwaliteit ik had. Dus ik zou zeggen durven en doen."
Magan Tahir © Omrop Fryslân
Magan Tahir oer de kampanje
Sport Fryslân hopet úteinlik dat minsken mei in beheining better harren wei fine kinne nei sportferieningen, mar ek dat se de juste materialen krije. "Ik wol miskien wol tennisje, mar hoe kom ik dan oan in spesjale rolstoel dêrfoar? Dêr sit al gau in priiskaartsje oan fan 10.000 euro en mear. No hawwe we gelokkich in systeem yn Fryslân mei in útlien", leit Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân út.
"Dat is yn alle gemeenten, sadat se in rolstoel probearje kinne. Is dit dan de sport dy't ik leuk fyn? As dat net sa is, dan kin der ek wat oars besocht wurde. In handbike bygelyks", seit De Vries. "Dizze kampanje is der ek foar bedoeld om fuortendaliks antwurden te krijen. By wa moat ik wêze? Hoe regelje we dat dan? En dan pakke wy it op."
Anne Jochum de Vries oer de kampanje