It Skriuwersboun wol boekebillboards: "Mear promoasje Fryske boeken"
Fryske skriuwers moatte in reedlike beleanning foar harren wurk krije en foar de boeken moat mear en better promoasje makke wurde. Dêrfoar hat It Skriuwersboun in plan presintearre.

It Skriuwersboun wol graach op syn minst alle jierren in seistal boeken foar it fuotljocht sette. Der moat in spesjale lêskommisje komme: in wikseljend groepke dat bestiet út in lêzer, in boekferkeaper en in biblioteekmeiwurker.
Utjouwers en auteurs drage boeken foar en de kommisje kiest dêr boeken út. Dy wurken wurde dêrnei mei in soad promoasje ûnder de minsken brocht. Mei mear sutelaksjes, mar ek sichtber op billboards yn de provinsje. De keazen boeken wurde ûnderdiel fan in searje, dêr't minsken ek in abonnemint op nimme kinne.
Mear earmslach
Dat is yn it koart it wichtichste part fan de plannen. "Wy pleitsje derfoar dat Boeken fan Fryslân as ûnderdiel fan de Afûk mear earmslach krijt. Dy hat de promoasje fan Fryske boeken op him naam", leit foarsitter Willem Verf fan It Skriuwersboun út.

Mar dêr hat it bûn wol stipe by nedich. Verf: "Yn in grutter taalgebiet kin soks út de merk komme, Nederlânsktalige útjouwers dogge in soad oan de promoasje fan harren goedferkeapjende skriuwers. Mar yn de Fryske ferhâldingen kin mar in bytsje ferkocht wurde. In oplage fan 1.000 is al in fantastysk, dat helje de measten net."
Budzjet
Dêrom moatte It Skriuwersboun, Boeken fan Fryslân en de provinsje om tafel. It budzjet fan de provinsje is no sa'n 180.000, mar dat soe op jierbasis wol ferdûbele wurde kinne, seit Verf. En je moatte it folhâlde. "Oars kinne je noch net beoardielje oft it goed wurket."
Foarsitter Willem Verf fan It Skriuwersboun
De provinsje sil der oan bydrage moatte, seit Verf. "Dat is net nuver. As je sjogge wat de provinsje allegearre útjout yn de kultuersektor, dan komt de literatuer der hiel bekaaid út. Ek yn de kultuernota fan de provinsje stiet mar ien dom sintsje oer de literatuer: dat der te min fernijing is. Punt. No, as jimme fernijing en plannen wolle: hjir hawwe wy wat."

It skriuwen moat better beleanne wurde, is it bûn fan betinken. "In boek skriuwe is gjin keunstje, mar (in) keunst", sa skriuwt it bûn yn syn plan. It Skriuwersboun wiist de provinsje op syn ferantwurdlikens.
'Lekker lêsber'
Dat seit ek foarsitter Verf: "In taal kin allinnich mar oerlibje as it skreaun en lêzen wurdt. It skriuwen moat dus reedlik beleanne wurde. As it Frysk as kultuertaal goed yn libben bliuwe moat, dan moat der yn skreaun en lêzen wurde. Dat wurdt net goed stimulearre en der binne te min mooglikheden. Der moatte lekker lêsbere boeken komme."
De Fryske literatuerwrâld moat wiis wêze mei syn lêzers: boeken meie likegoed ferdivedearjend as 'gelaagd' wêze. As de ôfsetmerk mar better wurdt. Want sa no en dan in Frysk boek mei in flinke oplage, dêr profitearret de hiele Fryske skriuwerij fan.