Wyksifers coronafirus: flinke delgong tal besmettingen, twa stjergefallen

It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 3.602 positive coronatesten registrearre by Friezen. Dat binne der 3.575 minder as in wike earder (7.177 ). Der wiene 2 stjergefallen yn ferbân mei it coronafirus.
De testlokaasje fan de GGD yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Yn trochsneed waarden yn de ôfrûne wike alle dagen 515 besmettingen meld. Ferline wike wie dat trochsneed 1.025, noch in wike earder gie it om 1.624.

53 sikehûsopnamen

Der binne de ôfrûne sân dagen 53 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne der 34 minder as in wike earder, doe gie it om 87 opnamen.
Sûnt mids jannewaris brûkt it RIVM net mear de gegevens fan de GGD'en foar de sikehûssifers, mar de gegevens fan stichting NICE (Nationale Intensive Care Evaluatie). Dy sifers binne krekter.

Yn totaal 614 stjergefallen

Mei de 3.602 positive tests fan de ôfrûne wike is no yn totaal 274.292 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
Yn de ôfrûne wike binne twa Friezen ferstoarn oan it coronafirus. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit sûnt it begjin fan de pandemy op 614.
It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Dit wie - sa't it no liket - it lêste wykoersjoch mei de sifers oer de Fryske coronabesmettingen. Fan 11 april ôf fynt de Ryksoerheid it net mear nedich om by de GGD in test dwaan te litten by klachten. Dêrtroch binne de RIVM-sifers net mear represintatyf.

Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike

Wike Besmettingen stjergefallen
1 april - 7 april 3.602 2
25 maart - 31 maart 7.177 1
18 maart - 24 maart 11.367 5
11 maart - 17 maart 15.352 7
4 maart - 10 maart 16.164 2
25 febrewaris - 3 maart 14.455 2
18 febrewaris - 24 febrewaris 14.170 3
11 febrewaris - 17 febrewaris 23.575 3
4 febrewaris - 10 febrewaris 31.681 0
28 jannewaris - 3 febrewaris 14.458 2
21 jannewaris - 27 jannewaris 9.473 1
14 jannewaris - 20 jannewaris 5.846 1
7 jannewaris - 13 jannewaris 6.206 3
31 desimber - 6 jannewaris 3.577 4
24 desimber - 30 desimber 3.095 6
17 desimber - 23 desimber 4.140 19
10 desimber - 16 desimber 4.530 23
3 desimber - 9 desimber 5.524 9
26 novimber - 2 desimber 5.927 8
19 novimber - 25 novimber 6.295 8
12 novimber - 18 novimber 4.432 6
6 novimber - 11 novimber 3.565 2
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16