Suzanne Schulting test posityf op corona, mist WK shorttrack yn Kanada

Suzanne Schulting is posityf test op corona. Se mist dêrtroch kommend wykein it WK shorttrack yn Kanada, de ôfsluter fan it olympysk seizoen.
Suzanne Schulting © Orange Pictures
Schulting woe yn Montreal har wrâldtitels op alle fiif de nûmers ferdigenje, mar dat giet no dus net troch. It is in enoarme teloarstelling foar de shorttrackster.

Mentaal brutsen

"Ik heb positief getest op corona. Mentaal ben ik gebroken", skriuwt Schulting op Instagram. "Het is en was een lang seizoen. Ik had mezelf weer opgeladen en voelde me zo klaar om mijn vijf titels te verdedigen. Ik deed er alles aan om negatief te blijven, maar het is helaas niet gelukt. Veel succes aan alle shorttrackers dit WK komend weekend."
It WK soe earst heal maart holden wurde, mar waard útsteld fanwege de coronapandemy en de oarloch yn Oekraïne. De shorttrackers moasten dêrtroch langer trochtraine as pland. De seleksje wie al sûnt 27 maart yn Kanada, om't der yn Nederlân gjin iis mear beskikber wie.

Van Kerkhof ferfangt Schulting

Yara van Kerkhof ferfangt Schulting yn it yndividuele toernoai. Xandra Velzeboer en Rianne de Vries binne dêryn de oare twa dielnimsters. By de manlju dogge de Friezen Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Sven Roes mei.
De 24-jierrige Suzanne Schulting wûn yn febrewaris by de Olympyske Spelen yn Peking fjouwer medaljes: twa kear goud, ien kear sulver en ien keer brûns.