HEA! Leo Schuil is al 20 jier dwaande mei opromjen

Leo Schuil fan Ljouwert is al fan 1999 ôf oan it opromjen, mar it sjit net echt op. De loadsen fan de eardere motorsloper steane noch altyd grôtfol motoaren en motorûnderdielen.
HEA! Leo Schuil rommet op
Leo is hast 84 jier en fynt sels ek dat der no echt wol wat barre moat. Mar hy kin lang net fan alles sa maklik ôfskied nimme. Ien fan syn klanten sei al: "Sûnder de hannel bestiet Leo ek net mear, en dat moatte we net ha".