Soargen oer ferpartsjen Ryksjild: Fryske gemeenten lobbye yn Den Haag

Gemeenten krije fan 2023 ôf te min jild fan it Ryk en it wurdt net goed ferparte, fine in soad gemeenten. Yn Fryslân driget in tal yn it read te kommen. Noardlike gemeenten lobbye tongersdei yn Den Haag.
Boargemaster Leo Pieter Stoel © ANP
De Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) hat in brief oan de Twadde Keamer skreaun. It komt del op in mienskiplike needgjalp.
It budzjet dat gemeenten fan it Ryk krije wurdt fan 2023 ôf op in oare wize ferparte. It model wêrmei't dat hjoed-de-dei noch dien wurdt, komt al út 1997 en is efterhelle. Want gemeenten krigen der hieltyd mear taken by, hielendal nei 2015 doe't de jongerein- en âldereinsoarch yn it takepakket kaam.

Fernijd gemeentefûns

Dêrom is in nij ferdielingsmodel makke, op basis fan 49 kritearia. Tink oan hoe grut in gemeente is, wat it oandiel jongelju is en wat it oandiel natuer-beboud gebiet is. Mei de kritearia wurdt berekkene hoefolle jild gemeenten krije út it gemeentefûns, fia it Ryk.
It giet om it grutste part fan it budzjet fan gemeenten, leit boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân út. Hy is foarsitter fan it Fryske oerlis fan portefúljehâlders finânsjes.
Hy seit: "Dat geld komt uit het gemeentefonds, waar het Rijk ieder jaar op basis van allerlei sleutels een bedrag in stort. Met dat verdeelmodel wordt zo'n 90 procent van de inkomsten van veel gemeenten geregeld."
Boargemaster Fred Veenstra, foarsitter van de Vereniging van Friese Gemeenten © Omrop Fryslân
It nije model krige lykwols in soad krityk. Net allinne fan gemeenten dy't der op efterút geane, mar ek fan bygelyks de Raad voor het Openbaar Bestuur (ROB). De werferdieling is dêrom in pear kear útsteld. Mar no wurdt it yn 2023 dochs echt ynfierd, jout it ministearje oan.
Earder die bliken dat it Noarden as gehiel sa'n 45 miljoen euro minder krije soe. Neffens de VNG soene Achtkarspelen, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel dêrtroch yn 'e knipe komme.
"Een aantal Friese en Groningse gemeenten zullen erop achteruitgaan. Dat zou je niet verwachten als je met een verbeterd model op de proppen komt", stelt Stoel.
Boargemaster Leo Pieter Stoel
Stoel neamt it nije model 'onjuist en niet transparant.' Gemeenten dy't der sosjaal-ekonomysk al net sa goed foar steane, geane der nochris op efterút. Wylst just dêr de kosten foar soarch en wolwêzen tanimme.

Noardlike gemeenten

De noardlike gemeenten hawwe fia de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG) en de Vereniging van Groninger Gemeenten (VGG) oantrune op oerlis mei de minister. De werferdieling fan it gemeentefûns is ûnferantwurde, fynt ek de VNG. Mar it Ryk set troch.
Somtiden moat in gemeente út needsaak bygelyks in biblioteek slute © ANP
Neffens de noardlike gemeente binne sy aanst twongen om te snijen yn bygelyks doarpshuzen, swimbaden, muzykskoallen, biblioteken en ûnderhâld oan diken en iepenbier grien.

Soargen oer 2026

Der wurdt trije jier oer dien om it nije model yn te fieren en finansjele foar- en neidielen wurde earst foar eltse gemeente beheind. "Het ministerie gaat de effecten corrigeren. Er zijn gemeenten die er 150 euro per inwoner op achteruit kunnen gaan. Maar dat zal de komende drie jaar nog niet gebeuren, omdat het verschil afgekapt wordt op maximaal 37,5 euro per inwoner over de komende drie jaar", leit Stoel út.
Oant 2025 soene der gjin gemeenten op efterút gean moatte, stelt minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken. Mar boargemaster Stoel is dêr net gerêst op. "We weten niet wat er in 2026 gaat gebeuren. Dan kan een gemeente er alsnog 150 euro per inwoner op achteruit gaan. Als je een gemeente hebt van 100.000 inwoners, loopt dat flink op."
Minister Hanke Bruins Slot © ANP
De gemeenten steane op 'e efterste poaten. Fan 2026 ôf soene de ynkomsten flink weromrinne. "Een gefaseerde invoer helpt de gemeenten niet", skreau de Vereniging van Friese Gemeenten earder. Troch de yngrepen moatte nije gemeentebestjoeren suver fuortendaalks besunigje, skriuwe de gemeenten.
Dêr komt nochris by dat gemeenten fan 2025 ôf in heal miljard euro minder krije foar jongereinsoarch. En gewoanwei groeie de ynkomsten fan gemeenten mei de útjeften fan it Ryk mei, mar dat is no loslitten.
Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel © Omrop Fryslân
En in lêste punt is de 'opskalingskoarting', dat foar in besunigingsbedrach soarge, wylst gemeenten dêr net foar fusearre binne. Benammen by lytse gemeenten is dêr ûnfrede oer, lykas boargemaster Klaas Agricola koartlyn by de oprjochting fan de K80 (in gearwurkingsferbân fan lytse gemeenten) kenber makke.

Lobby foar moasjes

Twadde Keamerleaden debattearje tongersdei oer de finansjele posysje fan gemeenten. "Er is een commissievergadering van de commissie Binnenlandse Zaken van de Tweede Kamer. Wij hebben diverse Kamerleden benaderd en onze zorgen onder de aandacht gebracht. We zijn druk aan het lobbyen", jout Stoel oan.
Wat him oanbelanget sitte der flaters yn it nije model. "Dat hebben we onder de aandacht gebracht bij Kamerleden, we hopen op de aankondiging van moties."