Resinsje Smokkelbern: "Geregeld efkes slokke"

Smokkelbern is it slotstik fan it multymediaprojekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen': in epos oer de rêdingsaksje fan hûnderten Joadske bern út Amsterdam, dy't yn Fryslân in feilich ûnderdak fûnen. It is in inisjatyf fan Gerard van der Veer yn gearwurking mei Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.
Henk resinsearret © Piet Douma
Yn Smokkelbern stiet it libben fan Lea Tropp sintraal. Hoe't sy as Joads famke nei it Fryske Abbegea smokkele waard, en ûnderdûkt by de bakkersfamylje Kampen de oarloch oerlibje koe. Aktrise Anke Boersma spilet de rol fan Lea en docht dat fol emoasje en oertsjûging. In topprestaasje.
It publyk by de premjêre yn de Tsjerke oan it Dokop De Lemmer moast yn alle gefallen geregeld efkes slokke. Hoe't Lea nei de oarloch fergees wachtsjen bliuwt op har mem, dy't har ommers tasein hat wer op te heljen, mar nea komme sil. Oangripend.
© Piet Douma
Hoe moai dan dy sprong yn de tiid: Lea komt werom nei Abbegea ta en wy yn it publyk reizgje mei har mei. We sjogge hoe't dat sinleas wachtsjen Lea as folwoeksene foarme hat, no't se gjin minsken mear yn har hûs en yn har hert talitte wol, omdat se benaud is foar it ôfskie dat folgje sil. "Waarom gaat iedereen die komt altijd maar weg?"

Skuld

We sjogge de traumatyske gefolgen dy't dat hat foar har eigen rol as mem. Foar har bern, dy't mei in mem te krijen hawwe, dy't foar harren nea werklik oanwêzich is. Want Lea is yn har gedachten by har eigen mem, en dat bliuwt se ek. In mem dy't der net echt wie, mar wol altyd oanwêzich. Skuld wurdt foar har mei in haadletter skreaun. Mar der is ek twivel. "Mag je iemand missen die normaliter nu ook dood geweest zou zijn?" It set dy oan ta neitinken. Respekt.
Anke Boersma as Lea © Piet Douma
Dat docht allegear neat ôf oan de prestaasjes fan de oare spilers. It hiele ensemble stiet as in hûs. Doete Stenekes, Thijs Meester en Wytse Algra, dy't allegear ferskate personaazjes rûnom Lea foar de rekken nimme, sette allegear in knappe prestaasje del. Moai bygelyks hoe't Stenekes en Meester as mem en omke yn de gedachten fan Lea omspûkjen bliuwe.
Oangripend is de sêne dêr't omke Salomon Lea selskip yn hâldt op har treinreis. Hy wol har lijen fuortnimme, mar moat healweis útstappe. Syn einpunt is ommers net dat fan Lea. Syn bagaazje net langer nedich.
Regisseur Tjerk Kooistra boartet mei de tiid. Dat hâldt de foarstelling spannend. Knap om te sjen hoe't syn bewurking fan de oarspronklike tekst fan Hans Brans in foarstelling makket dy't it publyk fan begjin oant ein yn de besnijing wit te hâlden.
En dan freegje je je dochs ôf wêrom't Brans ien dei foar de premjêre witte litten hat net mear achter de foarstelling te stean. Omdat syn oarspronklike tekst te folle feroare wêze soe, de essinsje fan it stik oantaast. Ik koe der dizze jûn net de finger op lizze.

Muzykteäter

Of soene it dan dochs de lieten wêze? Smokkelbern is ommers muzykteäter. Oan de spilers kin it net lizze: dy sjonge as klysters, sa suver. Dat meitsje je wolris oars mei. Mar dat moat ek sein: net alle lieten heakje wier wat ta. In liet minder hie it gehiel net minder makke.
Ek hie ik wat twivels by guon teätrale effekten. Bygelyks as Doete en Thijs as mem en omke in lêste boadskip ha foar Lea, in libbensles. Dêrnei klimme se tegearre de 'stairway to heaven' op, it felle ljocht temjitte. Dat is miskien krekt in bytsje tefolle Hollywood en hat de foarstelling sels net nedich.
Wytse Algra en Anke Boersma © Piet Douma
It slotliet dat dan folget, makket alles wer goed. Lea wit de beide memmen yn harsels byinoar te bringen, de mem dy't wachtet op de mem dy't net mear komt. In kompleet minske, dy't einlings har rêst fine kin. "Nu ben ik wie ik ben. Dit is wie ik ben." It makket de foarstelling kompleet. De muoite wurdich.
Ferslachjouwer Henk te Biesebeek besprekt op sneontemoarn tusken 09.00 en 12.00 oere yn it programma Op & Ut alles wat him op kultureel gebiet ôfspilet yn Fryslân. De resinsjes fan de teäterfoarstellings dy't hy beskôget, ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân. Tips? Mail henk.tebiesebeek@omropfryslan.nl.