Wolvepear yn Súdeast-Fryslân: "Grutte fraach is: krije se ek in oantal jongen?"

Yn de regio Súdeast-Fryslân is in wolvepear foarme. Dat meldt BIJ12, it buro dat foar alle provinsjes yn ús lân de wolvegegevens byhâldt. Lanlik binne tusken 1 novimber en healweis febrewaris mear as 1500 meldingen fan spoaren en waarnimmingen fan wolven binnenkaam.
In wolf © Shutterstock
Dat is mear as in ferdûbeling fan it tal yn de trije moannen dêrfoar. Neffens Harry Oosterman fan de Projektgroep Previnsje Wolveskea Fryslân is de grutte fraach no: krijt it pearke ek in oantal jongen? "Want as dat it gefal is, dan sykje dy ek wer om in nij gebiet", seit Oosterman.

Skiep ferwûne by Boyl

It pearke soe tiisdei taslein hawwe yn Boyl. Skieppehâlder Roelof Groen seach dat 14 fan syn 45 bisten swierferwûne wienen. Guon hienen de hiele pânse derút, inkelden misten in hiele heupe. "Dit moet gedaan zijn door twee wolven, zoveel schade", seit Groen.
Neffens Oosterman hat de provinsje it wol goed regele om skea safolle as mooglik foar te kommen. "Ik kin skieppehâlders allinnich mar oanriede om by de provinsje in subsydzjefersyk te dwaan om previntive maatregels te nimmen. It is ek mei weromwurkjende krêft, dus de minsken dy't al earder maatregels nommen hawwe, kinne ek oanspraak meitsje op de subsydzje."

Ynternasjonale gearwurking

Oosterman tinkt dat previntive maatregels, lykas it pleatsen fan stekken wurkje kin, mar it moat dan wol hiel goed delset wurde. Der komt neffens Oosterman in oplossing foar: "Der komt daliks in konsulint yn Fryslân dy't de boeren helpt om de stekken goed del te setten."
Oosterman fynt dat Nederlân ynternasjonaal gearwurkje moat om de skea fan wolven te beheinen. "Wolven sitte yn de heechste klasse as it giet om beskerming. Dêrom moatte je gearwurkje mei België en Dútslân om te sjen hoe't de wolvepopulaasje him ûntwikkelet en hoe't je dêr peal en perk oan sette kinne."
Harry Oosterman fan de Projektgroep Previnsje Wolveskea Fryslân