Fryske jachtebouwers skimerich oer skippen Russyske eigeners

Fjirtjin superjachten fan Russyske eigeners yn Nederlân wurde oan 'e ketting lein troch de Nederlânske dûane. Dat hat minister Hoekstra fan Bûtenlânske Saken bekendmakke. De jacht op de boaten fan Russyske oligargen is yn oare lannen al langer oan de gong.
Hoe sit it mei Russyske skippen yn Fryslân?
Ek Fryske jachtebouwers hawwe wolris te krijen mei Russyske eigeners, mar jouwe nea de identiteit fan in eigener fuort út privacy-oerwagings. Dêrom bliuwt it skimerich wat wol of net in skip is dat oan de ketting lein is. Dat jildt bygelyks ek foar it superjacht Galactica dat yn Harns leit foar de ôfbou.

Ynstânsjes hâlde de mûle ticht

By Icon Yachts leit it skip yn it dok. Fan wa't it skip is, is offisjeel net bekend. Ut ferskate hoeken wei wurdt meld dat it fan de Russyske oligarch Vagit Olekparov is. By de bouwer fan it skip, Heessen Yachts wolle se net sizze oft it skip by de 14 skippen heart dy't no oan de ketting lizze en ek de dûane docht gjin útspraken.
Fead Ships yn Makkum hat gjin opdrachten fan Russen dy't op in sanksjelist steane. Boppedat hâlde se harren oan alle regels en wetten dy't der binne op dit mêd. "We werken mee aan alle regelgeving die de overheid oplegt", seit wurdfierder Farouk Nefzi.

Grutte ympakt

Neffens Nefzi is der dus by harren gjin sprake fan skippen dy't ûnder tafersjoch steane. De dûane hat by it bedriuw west foar ûndersyk. Neffens Nefzi is dat allegear netsjes gien. It bedriuw docht sels ek altyd yngreven ûndersyk nei de persoanen dêr't se foar bouwe.
De situaasje yn Oekraïne hat neffens de wurdfierder fan de lúkse jachtebouwer grutte ympakt. Benammen ek it stigma hat ynfloed. "Wij worden te vaak als symboliek gebruikt voor een zeer onterechte conclusie."
Neffens Nefzi hat de werf yn Makkum sa'n 600 skippen boud. 98 prosint dêrfan is foar Europeeske en Amerikaanske opdrachtjouwers. Der is amper 2 prosint oan de Russyske regio levere. Neffens him docht it negative byld gjin rjocht oan de brânsj dy't foar in soad wurkgelegenheid soarget en mei passy wurket oan skippen.