Banen moatte fernijd wurde: fleanbasis Ljouwert takom jier fiif moanne ticht

De start- en lâningsbanen fan de Ljouwerter fleanbasis wurde yn 2023 fernijd. Fanwege it wurk sil de fleanbasis sawat fiif moannen net brûkber wêze.
© ANP
De banen binne yn sa'n minne steat dat ûnderhâld net mear folstiet, skriuwt steatssekretaris fan Definsje Christophe van der Maat oan de Twadde Keamer.
It asfalt moat ferfongen wurde en de ljochtynstallaasje is ek oan fernijing ta. Der komt in led-ynstallaasje foar yn it plak, dy't langer meigiet en minder enerzjy ferbrûkt.

Spesjalisearre wurk

Foar it hiele projekt is tusken de 25 en 100 miljoen euro útlutsen. Van der Maat is benaud dat it mooglik dreech wêze sil om in spesjalisearre oannimmer te finen. Net folle bedriuwen kinne dit spesifike wurk dwaan.

Fiif moanne ticht

Fanwege it wurk sil de fleanbasis sa'n fiif moannen net brûkber wêze. Der wurdt dan útwykt nei in oar fleanfjild. Definsje lit ûndersykje hokker fleanfjilden oft as alternatyf brûkt wurde kinne binnen de regels oer leven en fleanbewegingen.