Bûn fan iisklups Eaststellingwerf hâldt op te bestean

Nei mear as tachtich jier komt der in ein oan it Bûn fan IIsklups yn Eaststellingwerf. It slagget net om nije bestjoersleden te finen.
IIsbaan yn Nijlemmer © ANP
Hiel spitich dat it bûn opdoekt wurde moat, seit sekretaris Rinus Liekelema. Hy sit al 24 jier yn it bestjoer. Der binne wol mear leden dy't ek hiel lang yn sitte. Opfolgers fine slagget net.
Foar bestjoersleden fan pleatslike iisklups sil dat miskien krekt wat makliker gean, tinkt Liekelema. De minsken hawwe bining mei it doarp, wylst it bûn op gemeentlik nivo operearret.

Net faak natueriis

De belangrykste taak fan it Bûn fan IIsklups yn Eaststellingwerf is om kampioenswedstriden te organisearjen. Dat dogge se yn de mande mei de pleatslike iisklups yn de gemeente.
Mar it is al njoggen jier ferlyn dat der kampioenswedstriden wiene. Dêrby wurdt de animo by de dielnimmers ek hieltyd minder, ek omdat der net faak mear natueriis is.
It bûn hat ek besocht om by dy pleatslike iisklups nije bestjoersleden te krijen. Om 'e nocht.
Doe hawwe se oan de pleatslike klups foarsteld om, as der gjin nije bestjoersleden komme, it bûn mar op te heffen, De klups binne dêrmei akkoart gien. It bestjoer wol it organisearjen fan de kampioenswedstriden no oan de alve iisklups yn de gemeente oerlitte.