Operaasje Fryske Flagge: troch in botsing wennet Ricki Wöll yn Eastenryk

Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Dizze wike is dat Ricki Wöll fan hast 70, dy't har yn Eastenryk nei wenjen sette nei in autobotsing mei in skylearaar.
Ricki Wöll © Eigen foto
"We soene gewoan in eintsje te riden, en doe kamen we yn botsing mei de eigener fan in skyskoalle", fertelt Ricki Wöll. Sy en in freondinne hiene op har 21ste in skoftsje wurke yn it sikehûs fan Innsbrück. Se soene al hast werom gean nei Fryslân, mar nei de botsing op de skyskoalle-eigener feroare dat plan.
Nei't de skea ôfhannele wie, kaam de man nammentlik mei in fraach dy't har libben feroare. "Hy frege: hoe soe it wêze om hjir as skylearaar te wurkjen?"
It is in prachtich plak, mei bergen en in moai mar.
Ricki Wöll wennet alwer jierren yn Eastenryk
Ricki en har freondinne koene hielendal noch net skye, mar dêr hie de skyskoallehâlder wol wat op betocht: hy koe se priveelessen jaan. "Der wie yn dy tiid in soad fraach nei skyleararen en skyleararessen. It wie der bygelyks drok mei Fryske famyljes", leit Ricki út. "Doe seine we: litte we it mar dwaan."

'Prachtich plak'

Sa waarden Ricki en har freondinne samar ynienen skylearares. "Noja, 'skylearares', eins is dat wol wat in grut wurd", nuansearret Ricki. "It stelde net safolle foar. Der wiene in soad Nederlânsktalige berntsjes, dêr ha we wat mei skyd."
Op de skyskoalle kaam Ricki har hjoeddeistige man tsjin. Yn in lyts sikehûs yn Schwaz - "ûngefear sa grut as it Antonius sikehûs yn Snits"- gie se dêrnei oan it wurk. Se wennet noch altiten mei in soad wille yn Tirol, op "in prachtich plak, mei bergen en in moai mar. Ek de minsken binne leuk."

Werom nei Fryslân

De famylje fan Ricki komt faak by har op besite: sa fier leit it hielendal net by Fryslân wei. Sels giet se ek noch graach werom nei Fryslân. "Alle kearen as ik der kom, jout it in goed gefoel. Ik fiel my yn Fryslân like goed thús as hjir."