HEA! Nynke yn de neisoarch

Nynke Zijlstra fan Harns is gek op aaisykjen. De 12-jierrige hopet ea nochris it earste ljipaai fan Fryslân te finen. Mar no is se drok mei de neisoarch.
HEA! Aaisykje mei Nynke
It aaisykjen sit echt by Nynke yn de famylje. Har pake die it al, en Nynke hat it wer fan har heit Hylke leard.
As de boeren it lân wer yn geane te meanen of te jarjen, set Nynke stokjes by de nêsten of leit der in deksel oerhinne. En as se letter dan de ljippepykjes sjocht, jout dat har in goed gefoel dat sy dêroan meiholpen hat.