Gjin draachflak by boeren foar stikstofplannen: 'Wij willen serieus genomen worden'

De deastek foar Eaststellingwerf, seit LTO-Noard oer de plannen fan provinsje Fryslân. Dy wol de kommende jierren sa'n hûndert boerebedriuwen opkeapje, benammen yn Súdeast-Fryslân.
Boerepleats by Elslo © Google Streetview
LTO-Noard is poer op de plannen fan de provinsje tsjin dy't der no lizze. It draachflak by de boeren ferdwynt, seit Fokke Hut fan de boere-organisaasje.

Manier fan libjen

Boeren dogge dit wurk omdat se passy foar harren wurk hawwe of omdat it yn de famylje sit. It is in manier fan libjen. Troch dizze plannen is der gjin takomstperspektyf mear foar harren, seit Hut. It betsjut yn de praktyk dat de boeren net mear mei de provinsje gearwurkje wolle.

"Der is mear as opkeap"

Tagelyk moet der ek in oplossing komme foar de stikstofkrisis, jout Hut fuortendaliks ta. Neffens de LTO binne der folle mear dingen mooglik as opkeapje, útkeapje en as lêste 'ferplichte útkeaping'. Hut tinkt dan oan dongmaatregels dy't foar elkenien en rûnom jilde.

Duorsum buorkje

En as de takomst dochs by duorsume lânbou leit, dan is it better net de boeren út te keapjen. Want dan binne der minder boerebedriuwen en dus is der ek minder grûn. By kringlooplânbou moat der krekt mear grûn wêze om rendabel buorkje te kinnen.

"Wa wol no alles opjaan?"

Utkeapje is foar boeren net ynteressant, seit Hut. Dan is der gjin takomstperspektyf mear. Foar in boer is it net gewoan simpel ophâlde mei in bedriuw. It betsjut de ein fan dyn manier fan libjen. Moatst alles opjaan. Mar in hiel lyts bytsje minsken wolle dat.

Aksje?

Boeren binne faak wol ree om aksje te fieren. Hut tinkt dat se no ynsjogge dat se mei op oare manieren ek in soad foarinoar krije kinne. "Met een positieve insteek komen we verder dan met een negatieve insteek. Als wij met de trekker naar een gemeentehuis of het provinciehuis gaan, is dat om iets te bespreken. Niet omdat we daar alleen maar boos staan te doen."
Fokke Hut
De boeresektor wol yn petear bliuwe mei de oerheid en de provinsje. Mar dan moatte se wol serieus naam wurde. Hut: "We hebben wel eens het gevoel dat dat niet zo is."

Amerikaanske spookstêden

"Als we de helft van de argarische sector wegsanenen, saneren we ook de helft van alle andere sectoren weg. De industrie, het wegverkeer en de scheepvaart. Dan krijg je toestanden zoals in Amerikaanse spooksteden", seit Hut.