Túnsintra ha wer mear omset: "Mensen willen het thuis mooi en gezellig maken"

Blommen, planten, fjoerkuorren en túnmeubels: yn de ôfrûne twa coronajierren ha we in hiel soad jild útjûn oan de tún. En dizze trend set noch troch. De tún is foar in soad minsken in nije hobby wurden.
Mar der binne ek pinepunten:
"Door corona konden we minder reizen en werkten we veel thuis. We hebben veel planten verkocht, mensen wilden hun tuintjes opfleuren en het in en om huis gezellig maken", seit Marjan Eefting fan it túnsintrum yn Wytmarsum. "En de trend zet door. Onze kas staat vol met viooltjes en die mooie bloeiers willen de mensen thuis ook."

Hegere prizen

De sektor tinkt net te ûntkommen oan hegere prizen en minder beskikberheid fan produkten. "Sommige artikels zijn lastig aan te komen, zoals riet en hout. Ook de transportkosten zijn hoger. Als een leverancier de prijs verhoogt, ontkomen wij daar ook niet aan."
© Onno Falkena
Se fernimt ek dat de hegere benzineprizen fan ynfloed binne. "We hebben een grote regiofunctie en tegenwoordig bellen mensen eerst of een bepaald artikel op voorraad is, anders komen ze voor niets."
Dy hegere enerzjyrekkens fernimme de kwekers ek. "Sommigen hebben moeite om hun hoofd boven water te houden en is er minder aanvoer. Dat willen we niet doorberekenen aan klant. We proberen een scherpe prijs te houden. Als het te duur wordt, verkopen we het niet meer."
Beltsjeblomtún op De Lemmer © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Yn it earste coronajier hienen de 700 túnsintra yn Nederlân 20 prosint mear omset en foarich jier kaam dêr nochris 3 prosint groei by, wylst se doe ek trije moannen ticht moasten. Ek online is de ferkeap bot tanaam, mar nei in túnsintrum gean wurdt ek as in útstapke sjoen, dus dat sille minsken wol dwaan bliuwe.