Marijke Groenewoud bliuwt Jillert Anema trou, nettsjinsteande ynteresse

Marijke Groenewoud rydt ek de kommende twa seizoenen foar de ploech fan coach Jillert Anema. De Hallumse hie wat te kiezen, sa woene Jumbo-Visma en Reggeborgh har graach oernimme.
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Nei de wrâldbekerfinale begjin maart sei Groenewoud al dat Jumbo-Visma ynteresse yn har hie. Dêr kaam de lêste wiken Reggeborgh ek noch by. Dochs bliuwt Groenewoud by Anema. "Ik tink dat dat it bêste by my past", seit Groenewoud.

Sukses op massastart en maraton

De 23-jierrige reedrydster helle de ôfrûne jierren benammen suksessen op de massastart en de maraton, mar se bruts dit seizoen ek troch op de langebaan. Op de 1.500 meter pleatste se har foar de Olympyske Spelen. Se waard fiifde. Mei de ploege-efterfolging pakte Groenewoud it brûns. Op de massastart waard se pleage troch falpartijen en helle se gjin medalje.
De ôfrûne jierren hjitte de ploech fan Anema Team Zaanlander, nei de haadsponsor. Wa't dat de kommende seizoenen ynfolje sil, woe Anema in oantal wiken lyn noch net sizze. Mooglik dat dat Zaanlander bliuwt.

Bergsma fuort

It is noch net krekt dúdlik hoe't de ploech fan Zaanlander der it kommende jier út sjen sil. Wis is wol dat Jorrit Bergsma der net by sitte sil. Hy makket de oerstap nei Jumbo-Visma.