Hurdfytser Anouska Koster twadde yn Volta Limburg Classic

Hurdfytser Anouska Koster fan De Westereen is sneon twadde wurden yn de Volta Limburg Classic. De winst gie nei in ploechgenoate fan Koster, Amber Kraak. Sy kaam solo oan de finish yn it Limboarchske Eijsden.
© Orange Pictures
De koers foar de froulju gie oer 120 kilometer. In groepke fan acht hurdfytsers, mei dêrby Koster, gie mei noch 45 kilometer te gean yn de tsjinoanfal op koprinner April Tacey. De froulju fûnen de oansluting en koene dêrnei stride om 'e winst.

Mei noch 20 kilometer te gean demarearre Kraak en mei tank oan ploechgenoat Koster kaam de efterfolging net goed fan de grûn. Sa koe Kraak de oerwinning binnen helje. Dêrachter pakte Koster op mear as in minút it twadde plak yn de sprint.

Hartthijs de Vries

De wedstriid by de manlju waard wûn troch Arnaud de Lie. Hartthijs de Vries fan Kollum koe lang goed mei, mar moast belies jaan by in fersnelling fan Tom Dumoulin op ien fan de lêste beklimmings fan de dei. Op ien minút fan de winner waard De Vries úteinlik achttjinde.