Definsje nimt ôfstân fan 'fake' parseberjocht oer útkeap lânboubedriuwen

Yn in saneamd útlekt parseberjocht fan it ministearje fan Definsje stiet te lêzen dat it net oars kin dan dat lânboubedriuwen yn 'e omkriten fan fleanbasis Ljouwert útkocht wurde moatte. It soe de iennichste manier wêze wêrop't de loftmacht de kommende jierren gebrûk meitsjen bliuwe kin fan de fleanbasis. Der is allinnich neat fan wier, seit datselde ministearje.
© ANP
It parseberjocht is ôfrûne wike ferspraat ûnder omwenners fan de fleanbasis. Dêryn stie ek in oprop om kontakt op te nimmen mei de ôfdieling kommunikaasje fan de fleanbasis.
Yn in tweet skriuwt de loftmacht sneontemiddei dat it saneamde parseberjocht, mei as titel 'Uitkoop landbouwbedrijven en relocatie woningen mogelijk onvermijdelijk', net ferstjoerd is troch de fleanbasis, de loftmacht of it ministearje fan Definsje. De loftmacht nimt dan ek 'nadrukkelijk afstand' fan de ynhâld fan it parseberjocht.

It liket dus te gean om in 1 aprilgrap.