HEA! Slakkejonkje Johan

Johan Veenstra fan Easterbierrum wie yn 2019 yn HEA! mei syn grutte slakkehobby. Hy fûn se sa moai, om't se traach binne en in moai húske ha. Hy wie der alle dagen drok mei dwaande.
HEA! Slakkejonkje
Yn de simmerfakânsje doe't se op fakânsje gongen, hat hy se loslitten. Nei oanlieding fan de útstjoering yn HEA! hat ien kontakt mei him opnommen, dy't in bysûndere slak foar him hie: in Afrikaanske reuzeslak. Dat is op it stuit Johan syn iennichste slak en dy fersoarget hy alle dagen mei in soad wille.