FryslânDOK: Rap út 'e regio

De FryslânDOK 'Rap út 'e regio' folget it projekt 'Wordspøken': fyftjin hiphoppers út Noard- en East-Nederlân gean oan de slach mei de eigen streektaal. De film fan Herman Zeilstra is te sjen by NPO2 op 2 april en op 3 april by Omrop Fryslân.
De 'Proeftuin Meertaligheid', in inisjatyf fan fiif provinsjes, stipet kultuermakkers en keppelet se oan inoar. Under lieding fan de Popfabryk yn Ljouwert meitsje de rappers in mikstape mei tweintich tracks. Se krije help fan Bart van de Werken, produsint fan Opgezwolle en Typhoon. It ferskaat oan taal en kultuer yn 'e regio fertsjinnet mear oandacht en jild, fine de provinsjes. Dat giet no foaral nei projekten yn 'e Rânestêd.
Thom Boonstra © Omrop Fryslân
Sjoerd Vriesema, kreatyf manager by de Popfabryk, besiket de rappers de streektaal te ûntlokjen. Alexander Moto, de rappersnamme fan Thom Boonstra út Súdwest Fryslân, docht dit sûnder problemen. Hy fielt him der wol thús by.
Arie - Anna Roos Jelsma © Omrop Fryslân
Sjongeres Arie (Anna Roos Jelsma) út Ljouwert hat wol wat mei de mentaliteit fan har stêd: 'Het schaamteloos tokkie-zijn.' Dochs fynt se it dreech om mei it 'Liwwadders' djippe gefoelens te ferwurdzjen.
Zowo - Jesse Klein Entink © Omrop Fryslân
Oare rappers yn 'e film: Amaro (Amaro Borges), Zowo (Jesse Klein Entink), Paypie (Pepijn Willemsen) en JpegJoey (Joey Luiting). Heechlearaar Goffe Jensma is de kertiermakker fan de 'Proeftuin Meertaligheid'. Hy sjocht mei arguseagen nei de strieminne posysje fan kultuer yn 'e provinsje, fergelike mei de Rânestêd. Jensma: 'Der is gjin sprake fan dat hjir minder kwaliteit is.'
Alexander Moto © Omrop Fryslân
FryslânDOK 'Rap uit de regio'
Sneon 2 april NPO2 15.30 oere (werhelling 3 april 13.10 oere)
Snein 3 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.