Fan 11 april ôf net mear nei GGD nei positive selstest

Fan 11 april ôf hoege Nederlanners nei in positive selstest op corona net mear nei de GGD om dit befêstigje te litten. Dat is ien fan de punten út de langetermynstrategy foar corona fan it kabinet.
© ANP Foto
Previnsje wurdt in saak fan sawol boargers, oerheid as sektoaren, mar in soad konkrete ynfolling ûntbrekt noch yn de strategy dy 't freed nei de Twadde Keamer stjoerd is.
Selsteste wurdt de noarm. "It kabinet ropt de mienskip op hjiryn eigen ferantwurdlikens te nimmen en sjocht nei sektoaren om it gebrûk fan selstesten te stimulearjen", stelt it ministearje fan Folkssûnens.
Minsken moatte har wat it kabinet oanbelanget oan de basisadvizen hâlden bliuwe. Ek komt der in "zelfzorgadvies" wêryn't ûnder mear komt te stean wat je dwaan moatte nei in positive coronatest, of as je just negatyf teste mar wol klachten hâlde.

Sicht op fersprieding

In oar aspekt dat noch útwurke wurde moat is it soargjen foar foldwaande personiel yn de soarch. As it nedich is, moat der opskaald wurde kinne, mar ûndúdlik bliuwt hoe't dat regele wurde moat. Troch faker soerstof thús oan pasjinten te jaan, moat de druk op sikehuzen ek ferljochte wurde.
Fierder wol it kabinet sicht hâlde op de fersprieding fan it firus, ûnder mear troch kontrôle fan it rioelwetter. Ek wurdt der rekken hâlden mei nije faksinaasjerondes en wurdt der ynset op (nije) medisinen foar minsken dy't besmet binne mei corona.

Yn juny mear dúdlik

It kabinet hâldt rekken mei fjouwer senario's. Fan in mylde wêryn't corona op in ferkâldenens liket ta in 'worst case scenario' mei in soad sykte en stjerte, en oerbelêsting fan de soarch. It hat sektoaren frege foar alle fjouwer de senario's plannen te meitsjen.
Op dy wize moat de skea fan eventuele maatregels yn de takomst beheind bliuwe, en sluting fan sektoaren foarkommen wurde. Yn juny moat mear dúdlik wurde oer dizze plannen, dan wol it kabinet in nije brief oan de Twadde Keamer stjoere oer de langetermynstrategy.

Maatskiplike ympakt

It sil oan it RIVM wêze om te besluten oft en wannear't der nij advys fan it OMT nedich is. Ek wurdt oerwage in Maatschappelijk Impact Team op te rjochtsjen, dat njonken it Outbreak Management Team it kabinet fan advys foarsjen kin.
Dat soe helpe moatte om in goede ôfwaging te meitsjen tusken de "epidemiologyske en maatskiplike ympakt fan maatregels".