Fryske oerheden sizze kontrakt Russyske Gazprom dochs net op

Fryske gemeenten en de provinsje Fryslân hawwe freedtemoarn dochs besletten harren kontrakt mei de Russyske gasleveransier Gazprom net op te sizzen. It beëinigjen fan it kontrakt smyt "tefolle neidielen en ûnwissichheden" op en is dêrom neffens de oerheden net ferantwurde.
It logo fan Gazprom © ANP Foto
De yntinsje fan de groep Fryske oerheden wie om it kontrakt mei Gazprom sa gau mooglik te ferbrekken. Gazprom Energy NL sit yn Nederlân, mar falt ûnder it Russyske gasbedriuw Gazprom, wêrtroch't it konsern bydraacht oan ynkomsten yn de Russyske steatskas. Dêroer ûntstie opskuor nei de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne.

Finansjeel foardiel

It beslút om foarearst it kontrakt mei Gazprom te hanthavenjen, waard net fan herte naam, skriuwt de Coöperatie Openbare Verlichting en Energie Fryslân (OVEF) yn in ferklearring. In beëiniging fan it kontrakt soe Ruslân lykwols finansjeel foardiel opsmite.
"As wy as Fryske oerheden no ûnder it kontrakt útgean, hat Gazprom dêrmei de hannen frij om dat gas, wat oars oan Fryslân levere wurde soe, oan in oar oan te bieden foar in folle hegere priis", seit deputearre Sietske Poepjes. "Dus wat je dan dogge, is dat je de Russyske bear, de Russyske steatskas, noch riker meitsje. No, en dat moat ek net."
Ta dizze konklúzje kamen oare gemeenten en wetterskippen ek. Mooglik moat in skeafergoeding betelle wurde by in ûntbining fan it kontrakt. Ek soe Gazprom it gas foar de hjoeddeistige hegere gasprizen trochferkeapje kinne oan in oare klant.

Oare mooglikheden

De Fryske oerheden sykje wol fierder nei mooglikheden om sels gas te leverjen yn de takomst. Sa ûntwikkelet de regio ferskate opsjes foar duorsum gas. De bestjoerders wolle dat klimaatminister Rob Jetten de oanbestegingsregels ferrommet, sadat lokale koöperaasjes mooglik by de folgjende proseduere gas oanbiede kinne.
Deputearre Sietske Poepjes