Coronasintrum Wolvegea ticht, teste by GGD tenei allinnich moarns

It coronasintrum yn Wolvegea is mei yngong fan hjoed ticht. Yn dat sintrum waarden minsken opnaam dy't langduorjende coronasoarch nedich ha.
It logo fan de GGD Fryslân © ANP
De kennis oer it coronafirus is yn soarchynstellingen en by soarchfersekerders yntusken grut genôch foar passende maatregels, as minsken langduorjende coronasoarch nedich is.
De testkapasiteit by de GGD Fryslân wurdt ek ôfskaald. De ôfrûne wike ha 3.000 minsken te testen west by de GGD, tsjin 4.500 in wike earder. Mei yngong fan moandei 4 april geane alle testlokaasjes om 12.10 ticht.
Foar de saneamde 'herhaalprik' foar minsken tusken de 60 en 69 jier is de animo grut, fynt de GGD. De ôfrûne wike kamen alle dagen sa'n 800 à 900 minsken del foar dy prik. It liket derop dat 60 prosint fan de oproppen minsken de prik nimt.