De toan fan Nelleke IJssennagger: "Fryske hoop"
"Entûsjast fertelt de jonge phd-studint hoe't er dwaande is mei it ûntwikkeljen fan in syntetyske Fryske stim. En dat wylst er sels gjin Frysk praat! Troch it spraaktechnologyske ûndersyk rekket er belutsen by de Fryske taal en kultuer, oftewol de frisistyk.
Syn ynteresse en entûsjasme binne dúdlik as er oer it ûndersyk praat. Syn kollega's, dy't har mei oare tema's lykas it werkennen fan sarkasme yn it Frysk of de gearhing en ferskaat om de Noardsee hinne dwaande hâlde, knikke ynstimmend.
"Ek dat is frisistyk", tink ik wylst ik nei de entûsjaste wittenskippers sjoch, "miskien sels wol frisistyk op syn meast ynspirearjend." Ik tink oan al dy kearen dat ik frege wurdt nei myn fisy op de takomst fan de frisistyk.
Fansels is dat hiel wichtich. Mar like wichtich is de fyzje op 'e frisistyk no. Hast nea freget ien dêrnei, hast nea freget ien myn kollega's wat se krekt dogge, wêrom't dat nijsgjirrich en belangryk is, hast nea freget ien de studinten wat harren motivaasje is. Mar wichtich is it, dêr is elkenien it oer iens.
Trije jier lyn wie der in sympoasium oer spesifyk dit tema. No, trije jier letter, kinne we stelle dat de takomst fan doe it no fan no wurden is. Tiid om mysels de fraach te stellen dêr't ik fan wolle soe dat dy faker steld wurdt: wat bart der yn 'e frisistyk no en wêrom is dat sa ynteressant en wichtich?
Der is beweging yn it fjild. Der wurde nije heechleararen socht yn Kiel en yn Grins. Der binne twa promoasjeplakken by de FA-UVA dy't har rjochtsje op de Resillience of Frisian. Der binne fantastyske studinten dy't út ferskate eftergrûnen wei it fak Skiednis fan Fryslân folgje, yn it Frysk.
Yn septimber wurdt foar de twadde kear it ynternasjonale Frisian Humanities-kongres organisearre, yn maaie komt der wer in Grut Frysk Diktee oan, skreaun troch gjinien minder as Habtamu de Hoop, en juster is de Halbertsmapriis útrikt. De oerienkomst tusken al dizze saken? Se barre yn gearwurking en se binne ynhâldlik nijsgjirrich foar in grutte groep minsken.
Op it Dingpetear earder dizze moanne, dêr't de kennisynfrastruktuer fan de Fryske taal en kultuer sintraal stie, yntrodusearren Arjen Dijkstra en ik de 'Positive Kear'. Positive Kear, want we konstatearren dat der positive ûntwikkelingen yn it fjild binne.
Mar de Positive Kear giet ek oer hoe't wy oer de frisistyk prate en skriuwe, want dat hat in enoarme ympakt op de status, enerzjy en oantreklikens yn it fakgebiet. Fan de krantekop 'De kennisynfrastruktuer fan de Fryske taal is penibel' yn 2020 binne wy nei de kop 'Stevig kenniscluster met internationale allure' gien yn 2021. Dat is de positive kear.
Fansels binne der ek yn it no útdagingen foar it fakgebiet. Mar yn stee fan drigingen foar bygelyks de stúdzje Frysk as in eksplisyt probleem fan de frisistyk te sjen, fyn ik de konklúzje dat taal, kultuer en keunst yn it algemien ûnder druk steane yn it no, in analyze dy't mear rjocht docht oan de situaasje.
In soad lytse taal en kultuerstúdzjes binne ferdwûn, mar de frisistyk is der noch, en terjochte. Miskien is it net itselde yn omfang of fokus as in oantal jierren werom. Mar litte wy earlik wêze, dat is ek net de takomst fan de frisistyk, dat is it ferline.
It is in moai ferline, fan wêr't wy út wei nei in moaie takomst wurkje kinne, fia it no.
It no lit sjen dat frisistyk yn beweging is. En dat is nijsgjirrich en wichtich, want it betsjut dat we de takomst mei elkoar foarmjaan kinne. As wy de positive kear meitsje wolle, dan stiet der in netwurk fan talinten, kollega's en entûsjastelingen klear yn it no.
En as ien der mear oer witte wol, kin ien der gewoan nei freegje."