Rjochtbanktolken prate mei minister oer te lege fergoedingen: "Nije minister, nije kânsen"

Rjochtbanktolk Fedde Dijkstra is posityf oer it earste petear dat hy mei in tal kollega's yn Den Haag hân hat mei minister Yesilgöz oer de te lege fergoedingen. Se gean wol troch mei aksje fieren.
Fedde Dijkstra by in demonstraasje yn Ljouwert © ANP
De bedoeling fan dit earste petear mei de nije minister wie tichterby inoar komme en dat liket goed, neffens Dijkstra. Hy hat der in better gefoel oer as yn it ferline oer it kontakt mei de minister Grapperhaus. "Nije minister, nije kânsen."
Rjochtbanktolken wurkje al sa'n fjirtich jier foar deselde 'beferzen' tariven, oersetters sa'n sechstich jier.
Hoe sit it krekt mei dy rjochtbanktolken?
Der binne twa soarten:
Wat Dijkstra en syn kollega's stekt, is dat de B2-tolken no ek talitten binne ta it offisjele tolkeregister mei C1-tolken. Dy B2-tolken binne ree om te wurkjen foar in legere fergoeding.
De oarsaak fan de lege fergoedingen binne de oanbestegings. De minsken dy't dat regelje fine de tariven fan de diplomearre rjochtbanktolken te heech. Dan gean de opdrachten nei minsken dy't net diplomearre binne.
Gefolch is dat sein wurdt dat der te min rjochtbanktolken binne, "mar wy binne der wol", sa seit Dijkstra.

Sa goedkeap mooglik

Neffens Europeeske regels moatte rjochtbanken allinnich diplomearre tolken ynsette. Dat bart net. De oanbestegers wolle in sa goedkeap mooglike tolk hawwe.
It is no ôfwachtsjen wêr't de minister mei komt, seit Dijkstra: "Se hat nei ús harke en der sit wat oan te kommen. Wy gean wol troch mei aksje fieren."

Op grutte ôfstân wurkje foar reiskosten

De tolken wurkje op it stuit safier mooglik fuort. Sa kinne se mei reiskosten yn alle gefallen noch wat mear ynkommen krije. Sa wurket Dijkstra as rjochtbanktolk Frysk net yn Ljouwert, mar yn Maastricht. Hy is ek tolk Dútsk.