Langstsittend riedslid Rinze Visser foar de 14e kear ynstallearre

Hy is 83 jier âld, sit al 52 jier yn de gemeenteried en is it langstsittende riedslid fan Nederlân. Rinze Visser fan de NCPN (Nieuwe Communistische Partij Nederland) is foar de 14e kear ynstallearre yn De Fryske Marren.
Rinze Visser fan de NCPN by syn ynstallaasje © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"It kin bêst wêze dat ik my net mear sa ynsette kin as doe't ik noch 40 jier wie hear," fertelt Rinze Visser, wylst er oan de keukentafel op syn wenplak De Lemmer sit. Hy hellet de krante en in magazine fan tafel en leit dy yn de krantebak.
Syn frou komt efkes del om in jas op te heljen, want sy sil ek nei in gearkomste. De folsleine famylje bliuwt aktyf. Visser pakt in blauwe tas om syn guod yn te dwaan. Hy makket him klear foar syn 14e ynstallaasje.

Stadiger, mar mear tiid

"Ik moat der wol by sizze dat ik doe noch folslein oan it wurk wie. Ik moast doe alles der noch by dwaan. No kin ik my wol folslein rjochtsje op de polityk. Ik bin wat stadiger wurden, mar ik haw wol mear tiid. Dat kompensearret dus moai."
Rinze Visser fan de NCPN yn De Fryske Marren © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Nei't Visser al it guod ynpakt hat, wurdt hy ophelle troch in kollega-gemeenteriedslid. "Ik bin foar de folle 100 persint fit," seit hy, wylst de politisy nei it gemeentehûs op De Jouwer ride. "Mar ik ha wol corona hân en moat noch wol wat opknappe. Dat falt noch net ta. Ik hoastje noch wat, dat is minder. Koart sykhelje is ek ferfelend, mar dat giet ek wol wer oer. It hâldt my net fan it wurk."

Op de fertroude stoel

De autorit nei it gemeentehûs duorret in lyts kertierke. Nei't Visser de doarren fan de seal iepenet ploft hy tusken de oare gemeenteriedsleden op syn stoel del. Hy is de iennige fan de NCPN yn de ried. Al is Visser dat wend, want hy hat ferskate kearen as iennige yn in partij sitten.
Ferkiezingsposter fan Rinze Visser en de Nieuwe Communistische Partij-NCPN © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Alles went, al wurde je wol âlder. "It grutste ferskil mei tweintich jier lyn is dat ik no tweintich jier âlder bin en dus net mear oer de sleat spring", seit Visser. "Fierder sit der net sa'n soad yn. Ik tink noch hieltyd itselde. It is net dat stilstân efterútgong is. Ik fyn noch hieltyd dat alle minsken gelyk binne. Ik besykje om my altyd foar de folle 100 persint yn te setten. Wat myn 100 persint is dan, hè."

"Aktueler as ea"

Neffens Visser is it idee fan in kommunistyske partij absolút net efterhelle. Hy wol him de kommende fjouwer jier ynsette om dat dúdlik te meitsjen.
Rinze Visser oer syn misje
Visser seit: "It lûd dat wy hearre litte moat bliuwe. Sterker noch, ik tink dat it aktueler as ea is. As je sjogge nei de ferskillen yn ynkommen by de minsken, dan is dat wol dúdlik. It hat noch nea sa grut west. De kommende jierren wol ik my ynsette foar de minsken mei de lytse beurs. Al wurdt it myn ein. Ik bin dêr altyd klear foar."