Joost Halbertsmapriiswinner Alpita de Jong: "Halbertsma hiel wichtich tinker"
Dit jier giet de Joost Halbertsmapriis nei histoarikus en nota bene de biograaf fan Joost Halbertsma, Alpita de Jong. Wy praten yn 't foar mei De Jong oer har yntellektuele muze: skriuwer, dûmny en taalkundige Joost Halbertsma.

Ienris yn de fjouwer jier wurdt de Joost Halbertsmapriis útrikt. Foar har biografy oer Halbertsma sil se hjoed de priis yn ûntfangst nimme yn de Sint-Pitertsjerke yn Grou.
It is hiel tapaslik en moai dat jo no krekt de Joost Halbertsmapriis winne. Hoe is dat?
"Ik moat sizze dat de priis my net bot op it netflues stie. Dus ik hie der nea oer neitocht dat ik dy winne soe. Oant it momint fansels dat ik nominearre waard. Doe tocht ik wol 'dit soe wat wurde kinne'.
En ik bin der fergulde mei, it is absolút in bekroaning. En foaral fyn ik it moai dat de provinsje foar dit boek keazen hat. It giet oan de iene kant oer Fryslân, mar oan de oare kant giet it ek oer folle mear. It feit dat de provinsje foar dit boek kiest jout ek oan dat se harsels yn dy kontekst doare te besjen."
Halbertsma is noch hieltyd goud wurdich.
De dr. Joast Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. It is de Fryske wittenskipspriis dy't it hiele wittenskiplike fjild fan Fryslân beslacht.
De priis is yn 1947 ynsteld en wurdt ien kear yn 'e fjouwer jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro. In ûnôfhinklike advyskommisje draacht in winner oan Deputearre Steaten foar.
Wêr lei it belang yn doe't jo begûnen mei in biografy oer Joost Halbertsma?
"Doe 't ik deroan begûn fûn ik Halbertsma nijsgjirrich, mar hy waard foar my hieltyd wichtiger. Ik fyn him foaral in hiele belangryk tinker.
It is net ien dy't je maklik útlizze kinne en dêr't je fan sizze tsjin in oar 'do moatst echt ris Halbertsma lêze'. Hy draacht net kant-en-kleare ideeën oan, mar hy smyt dy as lêzer eins op dysels werom. Sadatst echt begjinst nei te tinken. Sokke minsken binne goud wurdich. Sels hûndertfyftich jier letter."
De ûndertitel fan it boek is 'uitmiddelpuntig man'. Wat betsjut dat?
"Uitmiddelpuntig is in wurd dat Halbertsma sels brûkt om syn famylje te beskriuwen. It is fansels it Latynske 'eksintryk' mar dan yn it Hollânsk. By Halbertsma hat dat eksintryke te krijen mei op in ûngewoane en ûnortodokse wize nei de wrâld sjen. Ien fan syn neven neamde er in útsundering op de Halbertsma-famylje omdat dy nochal gewoan wie.
Mar ik brûk uitmiddelpuntig ek om syn grutte belangstelling foar alderhanne saken oan te tsjutten. Hy wie ynteressearre yn taal, yn religy, yn materiële kultuer, yn folksgebrûken, yn skiednis, yn technyk en polityk. Troch him yn in ferskaat oan ûnderwerpen te ferdjipjen wie er by steat om dingen en ferbannen te sjen, dy't oare minsken noait seagen."
Hy is hieltyd mear Frysk makke.
Dochs kenne wy Halbertsma benammen as Frysk literator. Hoe kin dat?
"Nei syn dea is er hieltyd mear 'Frysk makke'. Wy betinke Halbertsma yndied benammen om syn fertsjinsten foar de Fryske taal en literatuer, mar der binne safolle mear kanten oan him. Ien fan syn uitmiddelpuntige en bysûndere kanten is dat er syn provinsjale komôf net ferleagene.
Dat is opfallend omdat er yn tige gelearde en yntellektuele fermiddens siet. Hy korrespondearre mei minsken as Thorbecke, mar ek mei ien as Jacob Grimm. It wie dan net in oanbefelling as je net út it sintrum fan it lân kamen. Yn dy sin hie it logysker west om syn provinsjale woartels te ûntkennen of te negearjen.
Dochs keas er der bewust foar om him hjir aktyf ta te ferhâlden. Hy fûn it wichtich om de net-sintrale dielen fan it lân derby te hâlden. Mar yn de rin fan de tiid hawwe minsken allinnich dat provinsjale aspekt derút helle. Wylst er him ek nasjonaal en ynternasjonaal beweegde."

Wat binne dan dy 'sa folle mear kanten' fan Halbertsma?
"It is foar ús dreech om te betinken hoe unyk en ûngewoan oft er tocht. Histoarisy hawwe de oanstriid om te sjen nei wat der gewoan wie yn in bepaalde tiid en dêr in histoaryske figuer dan yn te passen. De njoggentjinde iuw is de iuw fan de Romantyk en it ferhearlikjen fan it eigen ferline en dêr wurdt Halbertsma dan ynpast.
Mar hy hie hiele moderne aspekten. Hy wie tige emansipatoarysk. Op allerlei mêden. Hy koe gewoan net begripe wêrom't bygelyks froulju net itselde respekt krigen as manlju.
Moatst ek begripe dat er libbe yn 'e tiid fan 'e 'standen'-maatskippij. Wylst hy fûn dat elkenien de mooglikheid hawwe moast om himsels te ûntwikkeljen. Dat is in hiele moderne oertsjûging."
Stel dat Halbertsma no libbe hie, wat hie er fan ús tiid fûn?
"Halbertsma wie altyd dwaande syn tinken te nuansearjen. Wat him tekenet, is de reewilligens om syn stânpunten op 'e nij te besjen. Hy begriep dan ek minsken net dy't hiel dogmatysk wiene. Foar him wie alles o sa subtyl.
De hjoeddeistige tiid giet bot oer kampen. Bist foar it ien, dan bist fuort tsjin it oare. Hy soe dat gefaarlik fine. Minsken moatte harren eigen wize fan neitinken ûntwikkelje. Dêr wie Halbertsma altyd mei dwaande."
Jo wurken 8 jier oan it boek, begripe jo Halbertsma no better?
"Net ien kin in oar folslein begripe. En der bliuwt altyd in stik mystearje oer. Mar ik moat wol sizze dat ik mysels wolris betraapje op gedachtes en dat ik dan tink 'hee, dit is Joost Halbertsma'. Dan redenearje ik op deselde wize as hy dat die.
Ik haw it idee dat ik troch fan him te learen en my dingen fan him eigen meitsje, him eins 'fia mysels' stadichoan better begryp."