Earste seizoen mei nije formule: SKS-skûtsjes metten foar in lyk spylfjild

It duorret noch goed oardel moanne foardat it seizoen echt losbarst, mar de skippers fan de SKS binne al drok dwaande mei de tariedings op it nije - en hooplik komplete - seizoen. Dizze wike wurde de skippen yn Drylts sekuer opmetten, om it wedstriidfjild sa earlik mooglik te meitsjen.
Passe en mjitte foar in lyk spylfjild by de SKS:
It opmjitten fan de skippen bart al langer, mar sûnt 2019 is der in nije formule. In formule dy't noch net brûkt is yn de wedstriden. Dat komt om't de earste mjittings mei dizze rekkenmetoade yn juny fan 2019 plakfûnen, flak foar de wedstriden.
De resultaten en de berekkeningen kamen pas letter, nei it SKS-seizoen. Dêrnei folge de coronapandemy, wêrtroch't sawol de seizoenen fan 2020 as 2021 net trochgean koene. Gefolch is dus, dat it kommende seizoen it earste seizoen mei de formule is.
De skûtsjes fan Drachten en de Súdwesthoeke tsjin mekoar oan © Wiep Wierda
De nije formule moat soargje foar in earliker wedstriidfjild. De foarm fan it skûtsje of it túch soe net mear útmeitsje moatte foar de winst. Neffens Jeroen Veenema fan de SKS meitsje fan no ôf allinnich de skipper en de bemanning it ferskil.

Formules yn de SKS

Oer de seilformule hat yn it ferline noch alris wat opskuor west. Yn 2016 fierde de SKS in nije formule yn basearre op breedte, lingte en djipgong fan in skûtsje. Mar dêr kaam nochal wat strideraasje achterwei. De mjitting soe net yn alle gefallen earlik wêze foar alle skippen. Foaral Langwar en De Jouwer wienen der net bliid mei.
De nije metoade moat der feroaring yn bringe. By de âlde mjitting bestie de kâns dat de breedte en lingte fan twa skippen gelyk binne, mar dat der dochs ferskil is, omdat it iene skip rûner is as it oare en dêrtroch makliker fart. Ek it gewicht wurdt by de mjitting de kommende wiken foar alle skippen op deselde wize fêststeld.
Skipper Jeroen Pietersma fan it skûtsje fan Drachten hat in soad fertrouwen yn de nije mjitmetoade. Syn skûtsje leit woansdeitemoarn al om seis oere op it drûge om metten te wurden. Mei in digitale laser wurdt it skip yn kaart brocht. In kompjûter kin dêrnei in berekkening meitsje, wêrnei't in konklúzje folget oer it túch.

Flinke oanpassing

It skûtsje fan Drachten hat yn de ôfrûne moannen in yngreven oanpassing ûndergien: earder siet der in knik yn it skip, dy is der no úthelle. Hjirtroch is de mjitting fan dizze wike ekstra spannend. Ek de skûtsjes fan Akkrum en Hearrenfean binne flink oanpast.
De ferwachting is dat de resultaten oer twa wike folgje. Dan hawwe de skûtsjes genôch tiid om harren túch oan te passen, en ek te oefenjen mei in eventuele nije sitewaasje.