Flechtlingen yn Ljouwerter needopfang liede needklok: te min privacy

Flechtlingen yn de needopfang fan it WTC yn Ljouwert liede de needklok. De bewenners ha in brânbrief stjoerd nei it COA en de Berne-ombudsman oer harren omstannichheden.
Flechtlingen skreaune in brânbrief:
Yn ien fan de brieven fan de flechtlingen, stiet: "Kinderen leven hier in een afgesloten ruimte zonder ventilatie, ramen, deuren of plafonds, en in aangrenzende kamers zonder enige vorm van isolatie. (...) Veel kamers in het kamp bevatten meer dan één gezin met kinderen in één kamer, en dit vormt een bedreiging voor de privacy en veiligheid van het gezin."
It gebrek oan privacy, perspektyf en autonomy yn de evenemintehal brekt harren op. It soarget foar fysike en mentale problemen ûnder bewenners en bern. Yn de hal sitte 600 minsken, der is in soad leven.

Amper trochstreaming

Earst soene de flechtlingen mar in pear wiken yn de evenemintehal bliuwe. Mar ûndertusken sitte guon bewenners der al hast in heal jier. Dat komt omdat de wenningmerk op slot sit en der kwealik trochstreaming yn asylsikerssintra is. En de kâns dat der ynkoarten wat feroaret lyts is.
It COA liet woansdei ek witte dat it kontrakt foar de needopfang yn it WTC mei in healjier ferlinge is, oant oktober 2022.
In alternatyf is der noch net, sjocht ek Flechtlingewurk. Se fine it ferfelend, mar kinne der sels net sa folle oan dwaan.