Jong-âld en man-frou? Sa sjogge de Fryske gemeenterieden derút

De nije gemeenterieden fan de achttjin Fryske gemeenten wurde woansdeitejûn ynstallearre. Hoe sjocht dyn takomstige gemeenteried derút?
Gemeenteried Ljouwert foar it earst by inoar © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Nettsjinsteande it grutte oantal foarkarsstimmen dat útbrocht is op froulju, is noch altyd yn sechtjin fan de achttjin gemeenten de mearderheid man.

Man-frou-ferhâlding

Allinnich de gemeenten Ljouwert en Skiermûntseach hawwe mear froulju. Skylge is de gemeente dy't prosintueel de measte manlju hat. Leafst tsien fan de alve binne man. PvdA-lid Aukje Schol sil kommende riedsperioade as iennichste frou trochbringe.
Yn de ôfrûne riedsperioade wie sy noch tegearre mei in froulike partijgenoat, mar dy stie dit jier op nûmer seis fan de list en is net yn de ried kaam.
De rieden binne nei de ferkiezingen aardich feroare: yn de measte rieden hat 30 oant 50 persint de foarige riedsperioade net yn de ried sitten.
Dat betsjut net dat de minsken hielendal nij binne yn de gemeentlike polityk: it kin ek dat eardere wethâlders of fraksjeleden no nij yn de ried komme. Yn Achtkarspelen binne de measte feroaringen: dêr is 62 persint 'nij'.

Skiermûntseach is it meast konstant. Fan de njoggen sitten wurdt kommende perioade mar ien folle mei in nij riedslid.

Trochsneed leeftiid

Tsien fan de achttjin gemeenten hawwe in reaksje jûn as it giet om de gemiddelde leeftiid fan de riedsleden. Fan dy gemeenten skommelet de gemiddelde leeftiid om de 50 jier hinne. De ried fan Noardeast-Fryslân is ferrassend jong: 39 jier.
Joran Jager wie 19 jier doe't de kampanje begûn © RTV NOF
De op-ien-nei-jongste fan de lokale polityk yn Fryslân is Joran Jager, dy't as listlûker foar Belang van Nederland (BVNL) yn de ried fan Dantumadiel komt. Hy is yntusken 20, mar wie noch 19 doe't de kampanje begûn. Inkeld in riedslid yn Tytsjerksteradiel is krekt in pear moannen jonger.
Dochs hat er genôch ûnderfining, om't er al trije jier skaadfraksjeassistint wie foar Gemeentebelangen Dantumadiel en ek al in pear moannen fraksjemeiwurker foar Provinsjale Steaten is.
Joran Jager fan Belang van Nederland
Jager wol him ynsette foar jongelju as it giet om genôch huzen foar starters en mear útgeansgelegenheden yn syn gemeente. "Ik fyn ek dat in gemeenteried in ôfspegeling wêze moat fan de maatskippij", seit hy. Just dêrom hopet hy dat mear jongelju kieze foar de lokale polityk.

Tal froulju jout sit oer oan manlju

In oantal keazen riedsleden hat de sit net oannaam of no alwer oerjûn. In reden dy't derfoar it meast jûn wurdt is dat de funksje net te kombinearjen is mei in baan en/of in húshâlding.
Opfallend is dat it allegear froulju binne dy't dit oanjouwe. Yn it earste plak binne dat froulju dy't mei foarkarstimmen yn de ried komme soene en miskien tochten dat se net op in ferkiesber plak stiene.
De ried yn Eaststellingwerf (argyffoto) © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn Eaststellingwerf bygelyks binne dit Eva Vrolijk (PvdA) en Marieke van Weperen-Cuperus (CDA). Ek GrienLinkser út Smellingerlân Nicole ter Doest betanket foar de funksje: "Ik kan nu niet beloven dat ik naast mijn gezin en (onregelmatige) werkzaamheden voldoende tijd vrij kan maken om mijn werk als raadslid met alle toewijding die het nodig heeft te doen."

Ferfongen troch in man

Yn De Fryske Marren stapte listlûker fan D66 Jeannet Speelman al út de ried omdat de partij fan twa nei ien sitten gien is. Se fynt dat it yn har ientsje tefolle wurk wurdt neist har baan en húshâlding.
Alle fjouwer neamde froulju wurde ferfongen troch in man. Willemijn Bruining fan Opsterlands Belang bliuwt wol yn de ried, mar jout it fraksjefoarsitterskip oer oan Jan van Dalen fanwegen de drokte op har wurk as koördinator 'Toezicht huisvesting voor vluchtelingen uit Oekraïne'.

Folchoarder fan de list

In oare reden om de sit krigen troch foarkarsstimmen net oan te nimmen is dat de partij leaver de folchoarder fan de list oanhâldt. Sa sjogge de keazen riedsleden Judith Ruchti (SP Smellingerlân), en Hanneke Zonderland en Afke Kester-Tamminga (CDA Weststellingwerf) ôf fan in sit yn de ried.
Hans Visser fan it CDA Weststellingwerf seit dat it proses fan it opstellen fan de list oan de foarkant oars net safolle sin hawwe soe.