Titus Brandsma soe beskermhillige foar sjoernalisten wurde kinne

Titus Brandsma moat beskermhillige wurde foar sjoernalisten yn it Vatikaan. Dêr pleitsje sjoernalisten foar dy't yn it Vatikaan wurkje. Pater Titus Brandsma (1881-1942) fan Oegekleaster wurdt op 15 maaie hillich ferklearre.
Titus Brandsma yn 1932 © ANP
Offisjeel hat de feriening fan by it Vatikaan akkreditearre sjoernalisten him noch net útsprutsen, mar op 10 maaie wurdt in sympoasium holden oer wat Brandsma mei de moderne sjoernalistyk te krijen hat. Dan soe it idee op tafel komme kinne.
Op dit stuit is Franciscus van Sales noch beskermhillige fan sjoernalisten, mar dy 'funksje' is him pas letter tadield. Brandsma soe geskikter wêze kinne om't hy ek echt yn de tiid fan de moderne sjoernalistyk libbe, seit Lammert de Hoop fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Sjoernalistike karriêre

Titus Brandsma wurke sels foar de Twadde Wrâldoarloch as katolyk sjoernalist. Brandsma wie haadredakteur foar De Stad Oss, in nijsblêd foar Oss en omjouwing. Fan 1919 ôf skreau er alle jierren mear as 100 haadartikels oer sosjale en politike ûnderwerpen.
Hy hie ek in fêste rubryk yn De Gelderlander en skreau ek yn Ons Noorden, De Tijd en De Maasbode. Brandsma wie in foarstanner fan in sjoernalistike oplieding, mar dy soe pas letter komme.

Katolike sjoernalisten

Boppedat wie er geastlik adviseur fan de Nederlandsche Rooms-Katholieke Journalistenvereeniging en hat sa ek betsjutting hân yn it modernisearjen fan de katolike deiblêdparse en better arbeidsbetingsten foar katolike sjoernalisten.
Lammert de Hoop fan it bisdom Grins-Ljouwert
Op de Filipinen is al in sjoernalistike priis ferneamd nei Titus Brandsma en yn Lyon wurdt eltse trije jier de Prix Titus Brandsma takend oan in sjoernalist, publikaasje of ynstelling dy't te lijen hie fan bedriging of ferfolging fanwegen syn of har wurk.
Brandsma fersette him tsjin de Dútske besetter en waard deportearre nei Dachau, dêr't hy yn 1942 ferstoar. Hy waard troch mei-kampgenoaten eare om syn help en stipe yn it kamp wylst hy it sels tige swier hie.