Fan binnenút: Tryater makket him op foar lokaasjefoarstelling Under Wetter

Repetysjes foar Under Wetter binne yn folle gong. Tryater set dizze grutte lokaasjefoarstelling op oer de takomst fan iisbanen yn tiden fan klimaatferoaring. Oer tradysje, langstme, drama en feest.
Under Wetter de tariedings
"Wolkom op it feest fan de natuer", ropt akteur Joop Wittermans op de iisbaan fan Wergea. Hy spilet Hendrik senior, de geast fan de famylje Kingma dy't noch omswalket op de iisbaan.
Miranda Werkman sjocht by Tryater © Omrop Fryslân
Hy sjocht hoe't syn dochter Afke, spile troch Tamara Schoppert, in beslút nimme moat oer de takomst fan de iisbaan. As sy de grûn ferkeapet, is de pleats rêden en kin har soan de boel oernimme.

"Hjir leit ús libben"

Tamara hat learzen en in oerstrûper oan. Wol noflik, laket sy, sokke praktyske klean as kostúm. "Hjir haw ik Germ moete, hjir hat ús mem ús heit moete. Hjir leit ús libben." Ek Tamara oefenet har tekst op de lokaasje dêr't it aanst allegear barre moat.
Sjoch hjir nei sfearfragminten fan de repetysjes:
"It is hiel moai, mar ek trystich, fynst net?" Tatiana Pratley rint oer har eigen iisbaan yn Marsum. "Datst tinkst, wannear komt it wer?" Sy doelt op it iis.
Sa hat de artistyk lieder fan Tryater de foarstelling ek betocht. Rinnend by de iisbaan del, yn coronatiid. Wat is de takomst fan al dy iisbanen yn Fryslân, no't der amper mear riden wurde kin? Hoelang hâlde je fêst oan tradysjes? Hoe ferhâlde je je ta sa'n plak?

Op it iis is eltenien gelyk

"Hjoed is eltsenien gelyk" ropt Joop Wittermans. Foar de foarstelling hat Pratley ûndersyk dien mei skriuwer Wessel de Vries. Mei de heechlearaar Frysk praten se oer de skjintme fan reedriden. Op it iis falle funksjes fuort en is eltsenien gelyk. It is it feest fan de natuer. Poëtysk, fynt Pratley dat.
De klimaatwittenskippers fertelden oer it wetter dat heger komt. Dat hat har wol oan it tinken set. Op termyn hawwe wy wol in probleem, seit sy. As lyts famke makke se al de kar om gjin fleis mear te iten.
Yn Fan binnenút, meisjen by Tryater folget programmamakker Miranda Werkman de tariedingen fan it stik. De earste ôflevering is moandei 4 april te sjen by Omrop Fryslân. De hiele moanne april hat it radioprogramma Op & Ut akteurs, muzikanten en dûnsers út Under Wetter yn it programma. Takom sneon is Tamara Schoppert te gast.
Is dizze foarstelling om minsken bewust te metisjen fan alles wat der spilet om klimaatferoaring hinne? Nee, sy wol perfoast gjin dûmny wêze. Sy is in ferbylder fan wat it is om no yn Fryslân te wenjen. En dit is wol wat der oan de hân is.
Regisseur Tatiana Pratley
Ut ferskate perspektiven wei kin sy it hert fiele litte fan alle minsken dy't it meimeitsje, Ut ferskate generaasjes wei. Ut de krêft fan de minske sels wei. En dan kin eltsenien mei syn eigen tinzen wer nei hûs gean.
It giet oer tradysje, langstme, drama en feest. Der sit ek humor yn en it giet ek oer de leafde: tusken Hendrik junior, spile troch Mattheüs Douwes en Sarah, spile troch Ayisha Siddiqi.
Under Wetter is ien fan de foarstellingen dy't ûnderdiel is fan Arcadia, de opfolger fan LF2018. 100 dagen lang is der keunst en kultuer mei omtinken foar de takomst fan de mienskip, it lânskip en erfgoed.
Mattheüs ken himsels wol werom yn it dilemma fan syn karakter: Hendrik junior moat ek syn paad fine yn it libben. Kieze oft er eins wol dy pleats oernimme wol. Soe it wol oanbliuwe mei syn freondin dy't nei Grins sil om te studearjen? Dy't fan de buorkerij in klimaatneutrale future farm meitsje wol?

Aktearje of studearje

Mattheüs twivelet yn syn eigen libben tusken aktearje of dochs studearje. Aktearje fynt er machtich moai. Hy groeit der fan as minske. Studearje jout wer mear wissichheid. Hy hat by syn súdzje yn alle gefallen oanjûn dat er de kommende perioade wol lessen misse sil.
En mooglik kin er der ek wol wer in opdracht fan meitsje foar de oplieding kommunikaasje dêr't er krekt mei úteinset is. Hy bûget him no earst oer de sêne dêr't Hendrik junior 18 jier yn wurdt en ta it besef komt dat er folwoeksen is en no in kar meitsje moat.
No noch yn it gebou fan Tryater, mar aanst stiet er op de iisbaan fan Wergea. Hy kin net wachtsje.
Hear nei de akteurs