Kûgel troch de tsjerke: Jorrit Bergsma foar twa jier nei Jumbo-Visma

Jorrit Bergsma rydt de kommende twa jier yn it giel-swart fan Jumbo-Visma. De Boarnster ferlit coach Jillert Anema, nei't beiden trettjin seizoenen gearwurken.
Fan syn fakânsje-adres yn Amearika ôf fertelt Jorrit Bergsma oer syn kar:
De oerstap fan Jorrit Bergsma is gjin grutte ferrassing. In oantal wiken lyn, nei de wrâldbekerfinale yn Thialf, fertelde de reedrider al dat der in oare ploech ynteresse yn him hie. Doe al die bliken dat it om Jumbo-Visma gie, al woe Bergsma dat net befêstigje.

Foar 'it goede gefoel'

No is it wol definityf. Bergsma mist it goeie gefoel by Team Zaanlander, dêr't er de ôfrûne jierren foar riden hat. "Dat hat der wol mei te meitsjen. By de hjoeddeiske ploech bleau it wat te lang efter en kaam ik der net hielendal út."
Dat gefoel is better by de ploech fan Jac Orie, seit de 36-jierrige reedrider: "Sy binne hiel entûsjast, hawwe in goed programma en in goed ferhaal."
Jorrit Bergsma mei coach Jillert Anema © Orange Pictures
Bergsma en Anema binne fergroeid mei-inoar. Trettjin seizoenen hawwe sy gearwurke. "Somtiden komme je op in punt yn de gearwurking dat je sizze: it bêste is no om de wegen te skieden, ek al is de wei al trettjin seizoenen", seit Bergsma, dy't tefreden weromsjocht op de gearwurking mei Anema.
"Wy hawwe hiel moaie jierren hân en moaie suksessen helle. Dêr bin ik Jillert hiel tankber foar. Mar op in gegeven momint wurdt it sa'n rûtine."
Minsken geane der fanút dat ik grutte bakken mei jild fertsjinje sil, mar dat falt wol ta.
Jorrit Bergsma
Suggestjes oer dat de olympysk kampioen fan 2014 syn kar basearre is op jild, skoot er oan de kant: "It sportive hat op ien stien. Dat is it wichtichste. Minsken geane der fanút dat ik grutte bakken mei jild fertsjinje sil, mar dat falt wol ta. Ik gean op deselde foet fierder", is Bergsma stellich.
Jorrit Bergsma is nei eigen sizzen noch net fersliten:
Yn stee fan Anema is Orie de kommende twa jier syn coach. Hy wurke mei ferskate topreedriders en makke ûnder oaren Mark Tuitert, Kjeld Nuis en Sven Kramer olympysk kampioen.
Jorrit hoort als voormalig olympisch kampioen bij het topmateriaal.
Jac Orie, de nije coach fan Jorrit Bergsma
Orie is bliid mei de komst fan Bergsma nei syn ploech. "Jorrit hoort als voormalig olympisch kampioen bij het topmateriaal en ik vind het ontzettend leuk om met een schaatser van dat kaliber te gaan samenwerken. Hij is erg gemotiveerd en ik ben ervan overtuigd dat hij substantieel kan verbeteren."

Twa jier

It kontrakt dat Bergsma tekenet by Jumbo-Visma rint twa jier. Yn 2026, twa seizoenen letter, binne de Olympyske Spelen. Dan soe Bergsma 40 jier wêze. Hy hopet der lykwols dan noch altyd by te wêzen. "Ik haw wol de ambysje om noch fjouwer jier troch te gean. Mar je witte net hoe't ik der dan foar stean."
It riden fan de maratons is tige wichtich foar Jorrit Bergsma:
By Jumbo-Visma kin Bergsma ek maratons riden bliuwe, sa as hy al syn hiele karriêre docht. Dy ploech hat ek in eigen maratonteam, dêr't Feanster Peter de Vries ploechlieder fan is. Sprinter Harm Visser is de oare Fries binnen dat team.
Dat Bergsma maratons riden bliuwe kin, wie in eask foar him: "Foar my is it hiel wichtich om beide te dwaan. Ik bin der grut yn wurden, helje der in soad wille út en as regearjend Nederlânsk kampioen wolle je wol de maratons riden bliuwe."
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Ut de maratonploech wei is Bergsma as earste benei kaam, seit er. Noch foar de langebaanploech. "Dat is ek leuk, want dat binne jonges dêr't ik wol mei riden haw."
Ek Orie moediget it riden fan de maratons allinnich mar oan. "Jorrit is dankzij het marathonschaatsen een goede langebaanschaatser geworden, dus ik denk dat het voor zijn ontwikkeling goed is als hij dat blijft onderhouden."