Nij magazine Titus Brandsma: "Hy hat syn libben lang mei Fryslân dwaande west"

De hillichferklearring fan Titus Brandsma op 15 maaie is oanlieding foar it ferskinen fan in spesjaal magazine oer de Fryske pater. De Karmeloarder ferspraat it de kommende dagen troch alle bisdommen yn Nederlân.
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
Einredakteur en ien fan de skriuwers fan it splinternije magazine is Lammert de Hoop fan it bisdom Grins-Ljouwert. "We sitte no 80 jier nei syn ferstjerren yn konsintraasjekamp Dachau. Der binne in protte minsken dy't it aansten net mear presys witte."
Om bygelyks ek de jongerein in goed byld te jaan fan de rol fan pater Titus Brandsma yn de Twadde Wrâldoarloch, komt it bisdom no mei it inisjatyf foar it magazine.
Hy wie ien fan de earsten dy't mei geastessibben pleite foar it Frysk yn it ûnderwiis.
Lammert de Hoop fan it bisdom Grins-Ljouwert
Dat fertelt ûnder oare it libbensferhaal fan Brandsma, dy't berne is yn Oegekleaster, in lyts buorskip by Boalsert. Hy ferhuze op syn tolfde nei it kleaster yn Boksmeer yn Brabân, mar neffens De Hoop hat er syn libben lang dwaande west mei Fryslân.
"Hy wie ien fan de earsten dy't mei geastessibben pleite foar it Frysk yn it ûnderwiis. Troch him waard it mooglik dat se op basisskoallen Frysk jaan koene, dêr hat hy ek foar lobbyd by de minister fan Underwiis."

Prinsipieel geweldleas

De rol fan Brandsma yn de oarloch wurdt ek wiidweidich behannele troch de skriuwers fan it magazine. "Hy fersette him bygelyks tsjin de ferplichting om NSB-advertinsjes te pleatsen. Dat wie de reden foar syn arrestaasje", seit De Hoop.
Hy bedarre yn de finzenis fan Scheveningen, dêrnei yn kamp Amersfoort. Yn konsintraasjekamp Dachau ferstoar er.
Nei de oarloch wurdt er in fersetsheld, om't er altiten hiel prinsipieel geweldleas wie.
Lammert de Hoop fan it bisdom Grins-Ljouwert
"Nei de oarloch wurdt er in fersetsheld, om't er altiten hiel prinsipieel geweldleas wie. Oant yn syn lêste oeren fûn er dat je foar de kampbeulen bidde moasten. 'Dat binne ek minsken, miskien komme se ta ynsjoch', fûn Brandsma. Hy bleaun hiel sosjaal aktyf en belangstellend, warskôge al hiel betiid foar nazisme, en bleaun hiel pasifistysk. Dat is hiel bysûnder."
Ynteressearren kinne it magazine opfreegje by it bisdom Grins-Ljouwert en betelje allinne ferstjoerderskosten.
Lammert de Hoop oer it nije magazine oer pater Titus Brandsma