Help kaam te let foar Neo: oanspielde brúnfisk is dea

Brúnfisk Neo, dy't snein oanspielde op Flylân, is dea. Se waard moandei nei it opfangsintrum fan SOS Dolfijn ta brocht, mar dêr waard dúdlik dat se hiel siik en swak wie.
Minsken fan SOS Dolfijn mei brúnfisk Neo © facebook.com/SOSDolfijn
Yn it opfangsintrum yn Anna Paulowna wienen der earst noch hoopfolle tekenen fan krêft, meldt SOS Dolfijn. Se kinne dêr ek in protte problemen en sykten behannelje.
"Maar helaas begon Neo aan het eind van de ochtend te braken en lukte het niet meer om nog de zo nodige voeding, vocht en medicatie in te krijgen."
In bistedokter hat noch fan alles besocht, mar dat hat net mear holpen. SOS Dolfijn betanket de tsientallen frijwilligers en oare belutsenen dy't Neo dei en nacht fersoarge ha.