Drokte by medyske ynskriuwing fan flechtlingen oerfalt apoteker en GGD

Se hienen op sa'n tweintich minsken rekkene by in medyske intake foar flechtlingen yn Grou, mar it waarden krekt wat mear: 110. It inisjatyf krijt dêrom in ferfolch yn Appelskea en Koudum.
Der wurdt op dit stuit in ynhelslach makke:
It wie earst de bedoeling dat der allinnich medyske stipe yn de sintrale opfanghal op It Hearrenfean wêze soe. Dêr kinne flechtlingen har as earste melde, foardat der in plak foar langere tiid fûn is.

Drokker as ferwachte

Omdat dy medyske stipe earst benammen op It Hearrenfean wêze soe, gongen se der by herberch Oer 't Hout yn Grou fan út dat der net safolle Oekraïners op de intake ôfkomme soenen. Miskien tweintich flechtlingen, sokssawat. Mar it waard dus in stik drokker.

Taalbarriêre, syrillysk, oare beneaming

"It wie hiel yntinsyf", seit Helga Hulstijn. Sy wurke as apoteker en hat mei elkenien de medisinen trochnaam. "Der wie in hiele grutte groep dêr't wy de intake fan dwaan moasten. Dus we ha hiel drok oan de gong west."
Apoteker Helga Hulstijn hie it drokker as ferwachte © Omrop Fryslân
De taalbarriêre, it syrillyske skrift en it ferskil yn beneaming makke it in hiele útdaging. Njonken de apoteker wie der ek in dokter fan de GGD dy't de medyske tsjek docht. Tegearre hawwe se de 110 flechtlingen, mei help fan in tolk, yn ien dei ynskreaun.

Tongersdei yn Appelskea

Om't de medyske registraasje yn Grou sa'n sukses wie, wurdt ek sa'n dei organisearre yn Appelskea en Koudum. De intake yn Appelskea is takom tongersdei.
Eins wie it dus bedoeling dat de medyske intake allinnich mar op It Hearrenfean plakhawwe soe. Dêr komt de GGD no op werom. "Minsken hawwe der op It Hearrenfean net altyd de romte foar, omdat se eins noch yn de stress sitte", seit Nils van Mourik fan GGD Fryslân.