Riedslid Mulder ferlit PvdA Smellingerlân noch foar ynstallaasje nije ried

Noch foardat woansdei de nije gemeenteried ynstalleare wurdt, hat ien fan de PvdA-leden yn Smellingerlân har al ôfsplitst fan de fraksje. It giet om Dinie Mulder.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Mulder hat al ferskate perioades foar de PvdA yn de ried sitten. Yn in koarte ferklearring seit se dat de wize fan wurkjen binnen de nije fraksje har safolle spanning opsmyt dat it har it funksjonearjen ûnmooglik makket.
Se giet no fierder as selsstannige fraksje. Dêrby bliuwt se wol efter de oertsjûgingen fan de PvdA stean, seit se.

Fan fjouwer nei trije sitten

De PvdA behelle by de ferkiezingen fan twa wiken lyn fjouwer sitten en wie dêrmei de tredde partij yn Smellingerlân. Dêr bliuwe no noch trije fan oer, likefolle as fjouwer oare partijen.

Nije sitferdieling Smellingerlân

Fraksje Sitten
CDA 5
ChristenUnie 5
PvdA 3
SP 3
ELP 3
Smallingerlands Belang 3
VVD 3
GrienLinks 2
D66 2
FNP 1
Fraksje-Mulder 1