Monumentenwacht helpt eigeners by it ferduorsumjen fan harren monumint
Omdat in soad eigeners fan monuminten wol ferduorsumje wolle, mar net witte wat der wol of net mei, komme Monumentenwacht en advysburo De Groene Grachten mei in oanpak foar 120.000 monuminten.
Monumentenwacht helpt eigeners mei ferduorsumjen:
Autentike ruten, sigerige muorren sûnder isolaasje of in âlde skou; eigeners witte faak net wêr't se begjinne moatte en hoe't se de monumintale wearde behâlde kinne. De oanpak fan Monumentenwacht bestiet út in petear oan tafel mei online helpmiddels fan it advysburo, dat oprjochte is troch Wubbo Ockels.
Hege stookkosten
Eksperts hawwe yn tsien jier tiid gegevens sammele en witte fan wet- en regeljouwing by gemeenten en fan de subsydzjemooglikheden, seit Monumentenwacht-direkteur Eefje van Duin.
"Zij hebben verbinding gezocht met alle provinciale monumentenwachten. Zodat wij de kennis van onderhoud aan hun kennis van duurzaamheid kunnen koppelen voor onze abonnees."

Monumintewachters lykas Wijtze Peenstra begjinne dizze moanne mei besites en ûndersiken. Yn Ljouwert siket er mei de eigener fan it âlde Grytmanshûs út 1645 in oplossing foar de hege stookkosten.
Dat maakt het ook zo interessant om die mensen te helpen.
"We werken enerzijds met de monumentale waarde, die we zoveel mogelijk in stand willen houden. Anderzijds met het drukken van exploitatiekosten. We begeven ons als Monumentenwacht een beetje in dat spanningsveld. Dat maakt het ook zo interessant om die mensen te helpen."
Gjin sinnepanielen
De bewenners fan it âlde wenhûs fan Mata Hari efkes fierderop moatte ek flink stoke. Se wolle fan Monumentenwacht witte oft se sinnepanielen pleatse kinne.
Neffens Peenstra krije se dêr gjin tastimming foar. In sinneboiler soe wol kinne, mient er. In folsleine enerzjyscan fan it hûs mei it tuorke is nedich om in goed advysrapport te krijen.

Alle 120.000 monuminten yn ús lân moatte yn trije jier tiid in duorsum plan hawwe, is it doel.