Trije miljoen ophelle foar natuerfreonlike 'mienskipstunen'
Fiif bedriuwen, wêrûnder ien yn Fryslân, ha yn fjouwer moannen tiid hast trije miljoen euro ophelle foar saneamde mienskipstunen.
Dizze mienskipstún hat grûn ferkocht oan Stichting Aardpeer:
It giet om in inisjatyf fan stichting Aardpeer, dat mienskipstunen yn de ferkeap dien hat. Minsken koenen in oandiel nimme yn fiif tunen. Ien dêrfan leit yn Sibrandabuorren.
Túnker Bregje Hamelynck hat de eigen mienskipstún yn de ferkeap smiten. Gewoanwei kin it stik grûn yn Súdwest-Fryslân mear as 300 minsken fan iten foarsjen.
Tún fan de mienskip
Hamelynck woe dat de tún echt fan de mienskip waard, omdat der altyd in risiko wie dat de grûn ea ris ferkocht wurdt en dan miskien feroaret fan funksje.

It is de twadde kear dat Aardpeer saneamde 'obligaasjelieningen' útjout. Yn de earste ronde waard lân yn Raerd oankocht. Mei-elkoar is der no goed 10 miljoen euro ophelle troch 950 ynvestearders.
Grûn bewarje
It úteinlike doel fan de stichting, en ek fan de boeren dy't deroan meiwurkje, is om de grûn te bewarjen as natuerfreonlike lânbougrûn.
Ferslachjouwer Earryt Sijens seach by in mienskipstún