Wrâldkampioenen en toptalinten by ynternasjonaal damtoernoai yn Wânswert

Wrâldkampioenen en toptalinten yn it damjen komme dit wykein byinoar yn Wânswert foar in grut toernoai. It is ien fan de earste damtoernoaien sûnt it begjin fan de coronakrisis.
Damtoernoai yn Wânswert
"It geheim fan in goeie dampartij, dêr fregest my wat sis," laket Anne Dekker wylst hy syn swarte damstikken op it boerd goed delleit. Dekker sit mei 59 oare dammers yn it doarpshûs fan Wânswert.
It lytse doarpke is foar ien dei it hert fan de damwrâld en dat soarget foar drokte. De auto's stean troch it hiele doarp parkearre. Anne sit yn in blokkich swart-wyt klupshirt fan Damclub Gorredijk mei oandacht syn tsjinstanner te besjen.

Wiskunde

"Ik tink net dat der in trúk is wêrby't je altyd winne kinne," ferfolget Dekker. "Je moatte in soad oefene ha. It is itselde idee as by wiskunde. As je it in soad dogge en je wurde der goed yn, dan wurdt it úteinlik ek aardich om te dwaan."
"Mar je hoege ek net alles te winnen fyn ik. It is in moaie sport mei aardich selskip en dêr giet it om. De bierkes nei de tiid binne ek net ferkeard fansels."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it damtoernoai
De gesellichheid is moai, mar der komme ek minsken foar de winst. Ien fan harren is Mattheo Boxum, dy't mei syn 12 jier in stik jonger is as de rest fan de dielnimmers. Mattheo docht al jierren oan damjen en hat ferskate kampioenskippen op syn namme stean.

'Geen geheel'

Yn Wânswert giet hy ek foar de winst. "Het is een sport waarbij je altijd na moet denken wat een ander doet en dat is fantastisch," seit Mattheo. "Het traint je hersenen en dat is het leukste. Elk schijfje heeft zijn eigen functie op het bord en die moet je zo goed mogelijk benutten."
"Je moet het niet als een geheel zien, maar als ieder schijfje met een eigen doel. Ik weet niet of het een nadeel is dat ik een stuk jonger ben dan de rest. We gaan het zien."
It damtoernoai yn Wânswert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"It is sa moai om al dy minsken wer by inoar te sjen," seit Teake Kooistra wylst hy de dielnimmers nei it goede boerd stjoert. Op acht lange tafels lizze ferskate buorden klear, te wachtsjen op de spilers.
Dêrneist stean klokken dy't op de tweintich minuten stean. De fariant fan sneldamjen giet de hiele dei sa troch. "It hat fansels lang stillein, mar wy woene no wol wer los."

Grutmaster

"De klup bestiet tsien jier en dus woene wy dat grut fiere. Dat wy dan nammen as Auke Scholma binnen helje is fantastysk." Scholma is in grutmaster yn it damjen en hat ferskate Nederlânske titels binnen helle.
Njonken dat hat Scholma in pear kear meidien oan wrâldkampioenskippen. Dochs tinkt hy sels net dat hy de favoryt is foar de winst yn Wânswert. "Der dogge noch mear grutte nammen mei hear. Wy sille sjen."