UNIS Flyers hoopje op trije kear skippersjocht yn tredde seizoensfinale

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe noch ien kâns om it seizoen ôf te sluten mei in priis. Kommend wykein moat it barre yn de finale fan de BeNe League tsjin Bulldogs Luik.
'Trije kear is skippersrjocht' is de siswize fan de UNIS Flyers:
Dit seizoen spilen de Flyers oant no ta twa finalen. Beide giene sy ferlern. Yn likegoed de bekerfinale as de finale om de Nederlânske titel wie Den Haag te sterk foar de Feansters.
Dy tsjinstanner hawwe de Flyers no gjin lêst mear fan. Sy wûnen ferline wike fan Den Haag yn de heale finale fan de BeNe League. No wachtsje de Bulldogs Luik yn de tredde finale fan it seizoen.

Best-of-three

De finale fan de BeNe League tusken de UNIS Flyers en Bulldogs Luik giet oer maksimaal trije wedstriden. Wa't as earste twa kear wint, is kampioen. De Belgen hawwe thúsfoardiel en sette sneon yn Luik útein. Snein is yn Thialf it twadde duel en in mooglike beslissende tredde wedstriid is tiisdei yn Luik.
Flyers-coach Mike Nason hie leaver sjoen dat it in best-of-five of best-of-seven wêze soe. "It soe fantastysk foar it publyk wêze, want hoe mear wedstriden ast spilest, hoe grutter de rivaliteit wurdt. Mar it is wat it is. We moatte akseptearje dat iishallen net beskikber binne."
Takom wykein is yn Thialf it wrâldkampioenskip iisspeedway en dêrom kinne de Flyers der dan net mear terjochte.
De siswize trije kear skippersrjocht is der net yn it Ingelsk, dochs wit de Kanadeeske coach Mike Nason wol wat it betsjut. "Ja, ik haw it nei alle gedachten faker heard de lêste wiken as ik wolle soe", laket Nason. "Wy hiene graach bettere resultaten helle yn it Nederlânsk kampioenskip en de beker."

"It moat gewoan"

Ek oanfaller Lars den Edel wit mar al te goed dat it nei twa ferlearen finales no barre moat: "Drie keer is scheepsrecht, die prijs moet gewoon binnengesleept worden."
Lars den Edel yn de heale finale yn aksje tsjin Den Haag © Dijks Fotografie
De BeNe League bestiet noch net hiel lang. Ien kear earder wûnen de Flyers de kompetysje fan België en Nederlân. Dat is no fiif jier lyn, yn 2017. Nason en Den Edel wiene der doe ek al by.
Dy lêste wit it noch goed. "Dat was geweldig. We wonnen 'm in een vol stadion uit in Den Haag. Om zo'n prijs als seizoensafsluiting te winnen, is geweldig."
Fiif jier lyn wûnen de UNIS Flyers de BeNe League:
Wa't der doe noch net by wie is de 19-jierrige Frits Doop. Hy komt fan Grou en is dit seizoen útgroeid ta in fêste wearde yn de formaasje fan Nason.

Grouster yn de Flyers

"Trije jier lyn bin ik derby kaam", fertelt Doop. "Doe mocht ik in hiel jier meitraine en ha ik twa wedstriden meispile. It jier dêrnei bin ik der fêst bykaam. Doe haw ik net in soad minuten krigen, mar wol in soad leard. Dêrnei kaam it coronajier. No is it jier dat ik folop spylje. Eltse wedstriid meitsje ik in hiel soad minuten en pak ik myn puntsjes mei. Dêr bin ik hartstikke tefreden mei."
Frits Doop yn it útshirt fan de Flyers © Dijks Fotografie
De jonge ferdigener tinkt dat de tsjinstanner, Bulldogs Luik, en de Flyers inoar net safolle ûntrinne. "Ik tink dat it in hiel spannende wedstriid wurdt. Ik tink dat wy kondisjoneel sterker binne", seit Doop.
Dêr slút Den Edel him by oan. "We hebben vier lijnen die continu doordraaien. In de derde periode moeten we meer energie hebben om de wedstrijd naar ons toe te trekken."
Wat wit hy fan de tsjinstanner fan sneon, snein en mooglik tiisdei? "Het is een snel team, aanvallend en heel erg actief op de counter. We moeten Luik zeker niet onderschatten, ze hebben de Belgische beker en kampioenschap gewonnen."

Kontraktferlinging Nason

Freed makke de klup bekend dat Mike Nason ek folgjend seizoen de coach is by de UNIS Flyers. It kontrakt is ferlinge. Fyftjin jier lyn kaam de Kanadees as spiler nei It Hearrenfean en hy is dêrnei net mear fuortgien. Folgjend seizoen wurdt syn achtste as trainer fan de Flyers.