Nachtlik Ljouwert ljochtet op mei LUNA: "Alles komt in beweging"

Nachtlik Ljouwert kaam tongersdei ta libben mei it ljochtfestival LUNA Nights. Highlights wiene in projeksje op de Aldehou en in keunstwurk fan fluorisearjende triedden yn De Klanderij.
LUNA Nights soarge foar in prachtich gesicht:
Sa'n 15 keunstners út binnen- en bûtenlân litte dit wykein harren ljochtkeunstwurken yn de binnenstêd sjen.
De keunstners dy't meiwurkje oan LUNA komme út de hiele wrâld. Mar der binne ek twa Fryske keunstners fan de partij. Ien fan harren is Marsja van der Ven fan Aldebiltsyl.
Har wurk is te sjen yn de etalaazje fan poppoadium Neushoorn. "Ik heb een groot beest van bijna vier meter lang gemaakt van elektronisch afval. De schubben zijn van toetsenborden, de ruggengraat is van ledkoelers en harddisks en poten van isolatiebuizen. Hij beweegt en het licht gaat aan en uit op de beweging van z'n ademhaling. Mensen verwachten dat niet, ze zijn verrast."
It is foar har de earste kear dat sy oan LUNA meidocht. "Het is te gek hier, heel tof. Het is fantastisch dat ik hiervoor uitgenodigd ben."
Keunstner Marsja van der Ven fan Aldebiltsyl
Van der Ven hat it keunstwurk net betocht yn in tiid fan coronabeheiningen, ek al soe it dêr perfekt foar wêze. "Etalages zijn zo saai 's avonds. Dat is zonde. Er zouden zulke spannende dingen kunnen gebeuren. Maar alles staat stil. Als je hier langs loopt, komt er van alles in beweging."