Simke Kloostermanpriis nei I.E. Bloem: "Bysûndere oanwinst foar jeugdliteratuer"

De Simke Kloostermanpriis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier giet nei skriuwer I.E. Bloem, foar it boek It neidiel fan de twivel. Dat hat de sjuery fan de priis bekendmakke.
De omslach fan It neidiel fan 'e twivel © Afûk / I.E. Bloem
It neidiel fan de twivel is ferline jier útbrocht. It is de twadde jeugdroman fan Bloem, dy't twa jier lyn debutearre mei Eudaimoania.
I.E. Bloem is it pseudonym fan de skriuwer dy't yn in ynterview mei it Friesch Dagblad earder fertelde dat oandacht totaal net oan him of har bestege is. "Yn dizze sin bin ik eigenheimisch en stean ik op myn privacy."
De Simke Kloostermanpriis foar jeugdliteratuer wurdt alle trije jier útrikt. De sjuery bestie út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg. Oare nominearre boeken wienen diskear In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, It deiboek fan Janny van der Molen, Jesse fan Mindert Wijnstra en Wurden fan Timo fan Tialda Hoogeveen.

Tûk boartsje

"I.E. Bloem boartet hiel tûk mei de lêzer en mei de feiten dy't er wol en net sjen lit", wie it oardiel fan de sjuery. "In bysûndere oanwinst foar de jeugdliteratuer."
By de priis heart 5.000 euro en in hânmakke oarkonde. Kommissaris fan de Kening, Arno Brok, sil de priis op 20 maaie útrikke yn de Petrustsjerke yn Twizel.