Ferwûne by bedriuwsûngefal mei graafmasine yn Minnertsgea

By in bedriuwsûngefal mei in graafmasine yn Minnertsgea is freedtemoarn in persoan slim ferwûne rekke. Nei alle gedachten rekke de bestjoerder fan de kraan beknypt nei't de graafmasine omfoel.
De omjouwing fan it ûngelok © CAMJO media
Der kamen ferskate helptsjinsten nei it plak fan it ûngelok oan de Vikarijbuorren. Ek de traumahelikopter waard oproppen om help te ferlienen.
Neffens omstanners slagge it de brânwacht nei in oere om it slachtoffer út de graafmasine te heljen. Tsjûgen sizze dat der op it plak fan it ûngelok nije hûzen boud wurde.