Liveblog | 25 maart

Dit wie de dei fan it publike ôfskied fan Piet Paulusma

It grutte publyk kin hjoed yn Harns ôfskied nimme fan waarman Piet Paulusma.
Bywurke: 25 maart, 19:50
freed 25 maart
17:39

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komt der in ein oan dit liveblog oer it publike ôfskied fan Piet Paulusma.
Moarn is de útfeart fan Paulusma yn besletten rûnte.
17:30

De dei fan it ôfskied fan Piet yn byld

It ôfskied fan Piet Paulusma:
17:24

Blommen foar Piet-fjildsje wurde ophelle

17:11

Der binne massaal blommen brocht foar Piet

17:04

Kollega Geartsje de Vries oer Piet

16:46

Gemeente Harns: 6.000 minsken by ôfskie

Der hawwe oant 16.30 oere sa'n 6.000 minsken by it ôfskie fan Piet Paulusma west, sa lit de gemeente Harns witte.
16:15

"Der is yn Harns hast gjin blom mear te krijen"

De belangstelling foar it ôfskied is grut. Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma hawwe der oant no ta sawat 3.000 minsken west. "Der is yn Harns hast gjin blom mear te krijen", seit Bootsma.
"Ik haw minsken troffen út Limboarch, Arnhem en Den Haag. Minsken sitte trije of fjouwer oeren yn de trein om yn Harns te wêzen en it momint te pakken. Dat dogge se om't Piet dêr in kear west hat om it waar te dwaan. Sa bout er in bân op mei minsken. Hy kaam by harren en no wolle se nei Piet ta."
15:57

Jan Slagter (MAX): "Precies zoals Piet had gewild"

14:41

Der stiet yntusken in rige

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
14:29

"Oant in oare moarn"

13:58

Minsken hawwe ferskate redenen om in lêste groet te bringen

"Piet hat dit mear as fertsjinne":
13:51

Simone Scheffer hellet oantinkens op

13:35

Moarn de flagge yn top

De famylje fan Piet hat yn Hjerbeam flyers ferspraat om moarn, op de dei fan syn útfeart, de flagge yn top te hingjen. Dat wie in útdruklike winsk fan Piet.
13:33

Blommesee wurdt grutter

© Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
13:25

Lêste groet Doeksen

De fearboat Willem de Vlamingh fan Rederij Doeksen hat sakrekt in lêste groet brocht oan Piet Paulusma. De boat toetere en de minsken op de boat klapten foar in lêste kear foar Piet.
13:20

Sinne troch de flagge

13:09

Minsken út it hiele lân

De minsken dy't ôfskied nimme wolle komme út it hiele lân. Sa is der in man út Zoetermeer, menear De Jager. "Ik wilde toch even afscheid nemen van Piet Paulusma", seit er. "Ik ging in juli naar Harlingen en toen liep ik langs zijn huis. Hij had zijn raam open en ik zei: 'Hallo, Piet!'. Toen zei hij: 'Kom maar even binnen'."
De Jager sil dat nea ferjitte, seit er.
12:19

Fryslân Hjoed-presintator Timo Jepkema mei in lêste groet

12:10

Piet makke syn eigen playlist

Piet wie in muzykleafhawwer en wie eartiids sels dj. Syn lêste playlist draait yn it Entrepotgebou, fertelt ferslachjouwer Hayo Bootsma. "It klinkt eins best frolik binnen", seit er.
12:02

Ek by it hûs fan Piet stiet it fol mei blommen

© Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
11:55

Flaggen healstok yn Harnzer strjitte

11:37

Ald advokaat Hans Anker mocht al nei binnen

"Ik fûn it bysûnder yndrukwekkend", seit âld advokaat Hans Anker oer it ôfskied fan Piet. "Ik wie hiel betiid. Ik mocht al nei binnen en dêr hie ik net op rekkene. Wat dat oanbelanget binne se hiel maklik."

Dat past by Piet, seit Anker. "Piet wie altyd bysûnder tagonklik, benaderber en leechdrompelich. As we aktiviteiten hiene yn Akkrum dan koene je him altyd fia syn mobyl direkt skilje. Dan wie der altyd reewillichheid om te helpen en te advisearjen."
Hans Anker oer it ôfskie fan Piet
11:25

De earsten steane der al

Krekt foar alve oere stiene de earste minsken al yn de rige foar it ôfskied fan Piet. Se hawwe beiden in wite roas meinaam. "We troffen him hjir alle kearen as we hjir op fakânsje wienen. Syn suster wennet net fier fan ús wei", seit ien fan de froulju. "Ut respekt dogge we dit", seit de oare frou.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
11:19

'Piet hie it sa beskreaun'

De ruten yn it Entrepotgebou steane hjoed iepen. "Dit hat Piet allegearre sa wollen. Dat hat er sa beskreaun. Alles iepen. Moai rjochting see", seit útfeartbegelieder Casper van Veen.
Troch it iepensteande rút falt der presys in sinnestriel op de kiste fan Piet. "Moaier kin net. Krekt oft stjoert er it sels noch even", seit Van Veen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
10:58

Blommensee moat Piet-fjildsje wurde

De famylje fan Paulusma hat witte litten dat it 'tige winske' is as it publyk kleurrike blommen meinimt. "Piet hold fan fleurige blommen. Dat is bewust sa dien", seit útfeartbegelieder Casper van Veen.

De blommen geane nei de útfeart net ferlern. "Uteinlik wolle we der in kompostbult fan meitsje en takom jier yn dizze maitiid wolle we dêr in fjildsje fan hawwe hjir yn de stêd: it Piet-fjildsje", seit Van Veen. "Sadat we yn it foarjier wer in moaie blommesee hawwe en dat we dan in momint hawwe om wer oan Piet te tinken."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma is by it Entrepotgebou yn Harns
10:53

Bylden fan de oankomst fan de kiste:

De famylje bringt de kiste nei binnen:
10:38

Op ferskate plakken yn de provinsje hinget de flagge hjoed healstôk

10:12

It plak wêr't minsken Piet in lêste groet bringe kinne

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
10:05

De kiste is oankaam by it Entrepotgebou

10:01

Spesjale útstjoering No Derfoar!

It radioprogramma No Derfoar! hat hjoed in spesjale útstjoering. De muzyk yn it programma fan freed is útsocht troch Piet Paulusma sels. It binne platen dy't op syn fersyk earder draaid binne yn de radioprogramma's No derfoar! en Weistra op wei fan Omrop Fryslân.
Foardat er bekend waard as waarman, wie Piet Paulusma aktyf as dj. Sa kaam it dat er by Omrop Fryslân ek alle dagen ien fan syn favorite platen útsykje mocht. Dy plaat waard 'de Pietplaat' fan de dei.
It programma is hjir te folgjen en duorret oant 12.00 oere.
Piet Paulusma as DJ © Omrop Fryslân
10:00

Wolkom yn dit liveblog

It grutte publyk kin fan 'e middei yn Harns ôfskied nimme fan Piet Paulusma. De ôfskiedsgearkomste yn it Entrepotgebou is fan 12.00 oant 17.00 oere. It ôfskie is yn dit liveblog te folgjen.
© Omrop Fryslân