De famylje fan Paulusma hat witte litten dat it '
tige winske' is as it publyk kleurrike blommen meinimt. "Piet hold fan fleurige blommen. Dat is bewust sa dien", seit útfeartbegelieder Casper van Veen.
De blommen geane nei de útfeart net ferlern. "Uteinlik wolle we der in kompostbult fan meitsje en takom jier yn dizze maitiid wolle we dêr in fjildsje fan hawwe hjir yn de stêd: it Piet-fjildsje", seit Van Veen. "Sadat we yn it foarjier wer in moaie blommesee hawwe en dat we dan in momint hawwe om wer oan Piet te tinken."