De Ofslútdyk bringt de leafde nei de oare kant

"Altijd als ik over de Afsluitdijk rijd ben ik blij, want dan ga ik naar mijn geliefde Nea toe. Zelfs na 18 jaar ben ik nog steeds dolgelukkig met haar", fertelt Ineke de Wit yn har auto by de Stevinslûzen by Den Oever.
De Ofslútdyk ferbynt yn de leafde:
Ineke wennet yn Hoorn. Har grutte leafde Nea Terpstra wennet yn Ljouwert. Elts wykein sykje de froulju inoar op yn Ljouwert of Hoorn.
It ritsje oer de Ofslútdyk ferfeelt nea. "Het is heerlijk rijden op de dijk. Het water, de golven, het weer en de lucht is telkens anders en altijd mooi. Ik moet er niet aan denken dat mijn geliefde in Amsterdam zou wonen en dat ik telkens de drukte moet opzoeken. Geef mij de Afsluitdijk maar."
Yn 2003 moeten Ineke en Nea inoar foar it earst by in Damespad by De Rijp yn Noard-Hollân. Dêr waarden doe yn hiel Nederlân kuiers organisearre dêr't lesbyske froulju inoar moetsje koene. Doe't Ineke Nea foar it earst seach, wie sy op slach fereale.

Ferhúzje

It ritsje oer de Ofslútdyk alle wiken is gjin probleem. Tegearre wenje is foar de froulju gjin opsje.
"Al mijn familie woont in West-Friesland. Ik ben de oudste van tien kinderen. Ik zit op een bridgeclub, ik maak deel uit van een kunst en cultuurclub en ik zorg voor mensen in mijn omgeving", fertelt Ineke. "Ik vind het niet erg om steeds een eind te reizen om bij Nea te zijn. Als ik bij haar ben organiseren we leuke dingen en is het altijd gezellig. Wij zijn blij en gelukkig zo."
En dat jildt ek foar de Fryske Nea: "Al mijn sociale contacten wonen in Leeuwarden en omgeving. Bovendien heb ik een moeder van honderd jaar waar ik de mantelzorg voor doe en niet in de steek wil laten. Zolang we allebei gezond zijn en nog auto kunnen rijden om elkaar te ontmoeten is het leven gewoon hartstikke goed", seit Nea.
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk binne te finen op ús temaside.