Formateur De Fryske Marren nei weromlûken VVD: "Informatie hoeft niet opnieuw"

Formateur Felix van Beek (argyfbyld) © Omrop Fryslân
It ynformaasjeproses yn De Fryske Marren hoecht wat formateur Felix van Beek oanbelanget net op 'e nij, no't de VVD him weromlutsen hat.
"Ik denk dat het informatierapport voldoende basis geeft om door te gaan", seit Van Beek, al jout hy oan dat dit syn persoanlike miening is. "Maar dit is altijd een teleurstelling, want je gaat een proces in om het goed te beëindigen. Als dat niet lukt, is dat teleurstellend."
Ynformateur Tytsy Willemsma stelde in koälysje foar tusken FNP, PvdA, VVD en GrienLinks. Mar de VVD hat oanjûn gjin stabile bydrage leverje te kinnen, noch foar't der oer de ynhâld praat is.

Yntern by de VVD

"Het probleem zit heel helder bij de VVD", seit Van Beek. "De opdracht was om een coalitie samen te stellen die een storm kan doorstaan en stabiel is."
Neffens de Leeuwarder Courant soe der binnen de VVD-fraksje ûnienichheid wêze oer wa't wethâlderskandidaat wurde soe. Likegoed fraskjefoasitter Ivo de Wolff as riedslid Esther de Vrij soene dit wolle.
It gemeentehûs fan De Fryske Marren op De Jouwer © Omrop Fryslân
"Ik kan en wil daar zelf geen mededelingen over doen. Ik weet het niet uit eerste hand", seit Van Beek dêroer. Mar hy seit wol: "Dat is een partij-interne zaak. Wij waren zover nog niet. In de stappen die wij aan het zetten waren ging het nog niet over kandidaat-wethouders."

Krappe koälysje

De mearderheid foar dizze koälysje hie wol krap west, seit Van Beek. "Het kwam op elke stem aan, het was een 16-15 verhouding. Dat zegt genoeg."
Formateur Felix van Beek
Hoe't it proses no fierder giet, doart Van Beek net te sizen. "Aan mij is het nu om het netjes af te ronden en uit te leggen wat er aan de hand is. Zodra er duidelijkheid is over volgende stappen, zal dat naar buiten komen."
Wol jout hy oan dat it ynformaasjerapport neffens syn ynsjoch foldwaande is om fierder op te bouwen. De ynformaasje hoecht net opnij, fynt Van Beek.

Stân fan saken yn de gemeenten (lêste update: 18 maaie)

Gemeente Status
Achtkarspelen Ynformateur Joop Atsma advisearret in koälysje fan CDA, FNP en Gemeentebelangen.
Amelân Protte sykte. Partijen hoopje mei-elkoar in riedsaginda fêststelle te kinnen.
Dantumadiel Sociaal Links, ChristenUnie, Gemeentebelangen en SGP binne ta in akkoart kaam.
Eaststellingwerf Formateur Bert Bouwmeester (D66) wurket mei Ooststellingwerfs Belang, CDA, PvdA en GroenLinks.
Flylân Formateur Tom van Mourik (VVD) hat Lijst Fier en Nieuw Liberaal Vlieland net byinoar krije kinnen. Der moat socht wurde nei in oare gearwurking.
De Fryske Marren Plannen foar in koälysje tusken FNP, PvdA, VVD en GrienLinks binne klapt. It ferfolch is net bekend.
Harns Ynformateur Erik de Groot (PvdA) advisearret akkoart op haadlinen dêr't alle partijen oan meiskriuwe kinne. Bestjoerskundige Rieks Osinga moat it proses begeliede.
Hearrenfean Ynformateur oansteld: Ard van der Tuuk (PvdA).
Ljouwert Kolleezje fan PvdA, GroenLinks, Gemeentebelangen en CDA wurdt 1 juny presintearre.
Noardeast-Fryslân Formateurs Roel Cazemier en Durk Durksz (FNP) wurkje mei de lokale partijen FNP, S!N en Gemeentebelangen oan in akkoart.
Opsterlân Ynformateur Theunis Piersma (FNP) hat in koälysje fan Opsterlands Belang, FNP, PvdA en ChristenUnie advisearre. Maaike Prins (CDA, earder wethâlder yn Tytsjerksteradiel) sil dêr as formateur mei fierder.
Skiermûntseach Samen voor Schiermonnikoog en Schiermonnikoogs ha in koälysje-akkoart sletten.
Skylge Koälysje tusken VVD en Plaatselijk Belang is rûn. Kolleezje bestiet folslein út froulju.
Smellingerlân Ynformateur Geart Benedictus (CDA) advisearret in koälysje fan CDA, ChristenUnie, VVD, GrienLinks en FNP.
Súdwest-Fryslân Formateur Sjoerd Tolsma wurket mei PvdA, CDA en FNP oan in akkoart.
Tytsjerksteradiel Ynformateurs Hendrik ten Hoeve (FNP) en Anne Jochum de Vries (PvdA) stelle kolleezje foar mei FNP, CDA en PvdA/GroenLinks.
Waadhoeke Advys ynformateur Peter van der Voort (D66): koälysje SAM, Gemeentebelangen en FNP.
Weststellingwerf Ferkenner Ger Jaarsma (VVD) jout oan dat it draachflak foar in koälysje VVD, CDA en Weststellingwerfs Belang grut is, mei noch in fjirde partij derby. De grutste kâns derop makket Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW).