Fryske sikehuzen sette noch efkes troch mei coronamaatregels

It regear hat sûnt ôfrûne woansdei alle coronamaatregels opheft. De Fryske sikehuzen geane dêr lykwols net yn mei en behâlde de kommende tiid harren maatregels noch.
Mûlkapkes by it personiel yn Nij Smellinghe © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Dat betsjut dat pasjinten en meiwurkers noch hieltyd in mûlkapke op hawwe moatte en dat ek de oardel meter ôfstân noch jildt yn de sikehuzen.
Folkert Brouwers leit as direkteur Bedrijf & Gebouwen út dat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten dochs noch foarsichtich is. "Je ha te krijen mei pasjinten dy't net om 'e nocht nei it sikehûs komme. Wy rinne der mei opsetsin wat efteroan om te sjen wat der bart yn de maatskippij. Dus wy wachtsje noch efkes mei it skrassen fan alle maatregels."

Advizen

De Fryske sikehuzen krije dêryn advys fan Certe Medische Microbiologie Friesland. "Us ynfeksjeprevinsje praat bot mei de mikrobiologen fan Certe en dy advisearje ús. Dat is oer hiel Fryslân lyk."
Mûlkapkes yn de sikehuzen © ANP Foto
Njonken it ôfstân hâlden en it hannen waskjen, bliuwt ek it mûlkapke noch efkes. "Dat sille wy ek noch wol in tal wiken folhâlde. It is likegoed foar ússels as foar de pasjint. Us ynfeksjeprevinsje hat sein: wês tûk en wachtsje efkes mei it frijjaan yn it sikehûs. Foar de minsken dy't wat swakker binne, is corona noch hieltyd in risiko."
Boppedat is it syktefersom by personiel ek noch heger as gewoan, jout Brouwers oan.
"De maatregels sille noch wol in pear wiken duorje", tinkt Brouwers
Hy kin him wol foarstelle dat guon minsken it mûlkapke ferjitte, om't it op oare plakken net mear hoecht. "Sy lizze klear by de doar, wy biede eltsenien ien oan. Wy sprekke minsken derop oan as sy it fergetten binne, dat giet prima."

Spanningsfjild

Wol jout Brouwers ta dat in einpunt dreech te jaan is. "Der sit in spanning op wat je noch fan minsken freegje kinne. Wy moatte hjir net as in plysjeman troch it sikehûs stappe. Wy sjogge der eltse wike nei. Wy harkje nei de advizen fan de mikrobiology en ek nei ús eigen minsken fan de befeiliging, om te sjen wat helber is."
De measte besikers hawwe kreas in mûlkapke op yn it Drachtster sikehûs. "In lyts part hat wol muoite mei de coronaregels. Mar dat wie eins de hiele coronatiid al."
De coronaregels yn Nij Smellinghe binne op dizze side werom te finen.