Fytsebedriuw Accell mei oernaam wurde: haadkantoar bliuwt op It Hearrenfean

De Europeeske Kommisje jout grien ljocht foar it oernimmen fan it fytsebedriuw Accell Group troch in konsortium fan ynvestearders. It haadkantoar bliuwt op It Hearrenfean.
It haadkantoar fan Accell op It Hearrenfean © ANP
Accell is it bedriuw dêr't merken as Batavus en Sparta ûnder falle. Ynvestearders wolle it foar 1,6 miljard euro oenimme, ûnder leiding fan it Amerikaanske KKR. Accell hopet mei de nije oandielhâlders flugger ynternasjonaal te groeien.
Dy plannen waarden earder dit jier al oankundige, mar de kommisje moast der noch wol oer gear. Neffens Europa binne de belutsen partijen net op deselde merken aktyf, sa't der net in monopoaljeposysje ûntstiet. It is de bedoeling dat it proses fan it oernimmen foar de simmer klear is.